Cees Veerman

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Cornelis Pieter Veerman
Cees Veerman.jpg
Algemien
Berne 8 maart 1949
Berteplak Nieuw-Beijerland
Partij CDA
Titels Dr.
Politike funksjes
1973-1980 Lid gemeenterie Nieuw-Beijerland
1979-1986 Hiemrie Suveringsskip Hollânske Eillannen en Waarden
1980-1996 Dykgraaf Wetterskip De Grutte Waard
1986-1991 Lid gemeenterie Korendijk
(fraksjefoarsitter)
2002-2003 Minister fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij
2003-2007 Minister fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit
2007-2010 Foarsitter Wittenskiplik Ynstitút foar it CDA

Cornelis Pieter (Cees) Veerman (Nieuw-Beijerland, 8 maart 1949) is in Nederlânske boer, ekonoom en politikus. Hy wie fan 22 july 2002 oant 22 febrewaris 2007 minister fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit, dat oant 1 july 2003 Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij hiet. Hjoed-de-dei is er ûnder oaren foarsitter fan Natuermonuminten en foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan de Stifting Vu-VUmc.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boeresoan studearre ekonomy oan de Erasmus Universiteit Rotterdam, dêr't er yn 1973 it doktoraaleksamen helle. Yn 1983 promovearre er oan de Lânbou-universiteit Wageningen op it proefskrift Grond en grondprijs (Grûn en grûnpriis).

Fan 1971 oant 1976 wie er learaar ekonomy en bedriuwsekonomy, en oant 1989 efterinoar wittenskiplik meiwurker, haadmeiwurker en universitêr haaddosint ekonomy, kunde, en wittenskipslear, ûndersyksmetodology oan respektyflik de Ynterfakulteit Bedriuwskunde yn Delft, letter Rotterdam en de fakulteit Bedriuwskunde fan de Erasmus Universiteit Rotterdam.

Fan 1989 oant 2002 wie er bysûnder heechlearaar Agraryske bedriuwsekonomy- en sosjology oan de Katolike Universiteit Brabân. Fan 1990 oant 1997 wie er ek noch bysûnder heechlearaar agri-business oan de Erasmus Universiteit. Fan 1997 oant 2002 wie er ek foarsitter fan de rie fan bestjoer fan it Wageningen University & Research.

Dêrnjonken wie er lid fan in tal kommissariaten en wie foarsitter fan de Nasjonale Koöperative Rie foar Lân- en Túnbou, bestjoersfoarsitter fann de Feriene Túnboufeilings, foarsitter fan it DLO-Lânbou-Ekonomysk Ynstitút, lid fan de Rie fan Advys Moret, Ernst & Young en lid fan de Sosjaal-Ekonomyske Rie (1990-1993). Fierder wie er lid fan it deistich bestjoer fan it Suveringsskip Hollânske Eillannen en Waarden yn Doardt (1979-1986) en wiernimmend dykgraaf fan it Wetterskip De Grutte Waard yn Klaaswaal (1980-1996).

Hy wie foar it CDA fan 1973 oant 1980 lid fan de gemeenterie fan Nieuw-Beijerland en fan 1986 oant 1991 lid fan de nije gemeente Korendijk, dêr't Nieuw-Beijerland nei in gemeentlike weryndieling part fan waard. Yn Korendijk wie er ek fraksjefoarsitter.

Boppedat is er ek ikkerbouwer fan 180 bunder yn Goudswaard en 450 bunder yn de Dordogne yn Frankryk.

Ministerskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard fan 22 july 2002 ôf minister fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij yn it Kabinet-Balkenende I, fan 27 maaie 2003 ôf yn it Kabinet-Balkenende II en ta einbeslút fan 7 july 2006 ôf yn it Kabinet-Balkenende III.

Hy skreau yn 2001 in rapport foar it CDA dat der yn it ferkiezingsprogramma oer de lânbou stean moat. Hy trúnde oan op "oplibjen fan de âlde boere-etyk". Op syn advys keas it CDA foarsichtich foar duorsume lânbou. Yn it tiidrek dat er minister wie, keas it CDA lykwols in konservativer paad.

Cees Veerman makke nei de simmer fan 2006 buorkundich dat er net weromkomme soe as minister yn in folgjend kabinet. Earder dat jier waard er troch in tal leden fan it CDA benei kaam en nim it partijliederskip fan Jan Peter Balkenende oer. Hy hat lykwols besletten dat net te dwaan en ferlit de polityk.

Hy waard opfolge troch Gerda Verburg.

Lettere warberens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 12 maaie 2007 waard er keazen as foarsitter fan de Feriening Natuermonuminten as opfolger fan Herman Wijffels. Cees Veerman wie tagelyk ek foarsitter fan de Meta-evaluaasjekommisje Kwaliteitssoarch Wittenskiplik Undersyk ynsteld troch de Keninklike Nederlânske Akadeemje fan Wittenskippen, de Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO) en de Feriening fan Universiteiten (VSNU). Dêr folge er de yn 2007 ferstoarne professor Ad Geelhoed op. Cees Veerman is dêrnjonken lid fan de rie fan kommissarissen fan de Rabobank en sûnt maart 2007 bysûnder heechlearaar duorsume plattelânsûntwikkeling yn Jeropeesk ferbân oan de Wageningen Universiteit en de Universiteit fan Tilburch.

Yn septimber 2007 waard er beneamd as foarsitter fan de kommisje duorsume kustûntwikkeling, dy't ynsteld waard en advisearje oer it beskermjen fan Nederlân tsjin de stiging fan de seespegel. De kommisje-Veerman brocht op 3 septimber 2008 syn advys út.

Hy is sûnt novimber 2007 foarsitter fan it Wittenskiplik Ynstitút foar it CDA. Yn july 2008 waard er lid fan de rie fan kommissarissen fan de Royal Barenburg Group. Yn febrewaris 2009 waard er foarsitter fan in kommisje dy't ûndersocht hoe't de bou fan de Noard-Súdline yn Amsterdam wer avensearje koe.

Yn it neijier fan 2009 waard er ek foarsitter fan de Kommisje Takomstbestindich Heger Underwiis Stelsel, ynsteld troch doetiidsk minister fan Underwiis Ronald Plasterk, dy't witte woe oft heger ûnderwiis yn de doetiidske foarm takomst hie en hoe't de Nederlânske tastân ferlike mei oare lannen. Dy kommisje brocht yn april 2010 syn advys út mei de titel: Differentiëren in drievoud. Omwille van kwaliteit en verscheidenheid in het hoger onderwijs.

Fierder is Cees Veerman foarsitter fan de Rie fan Advys fan de Dutch Delta Academy, in gearwurkingsferbân op oansetten fan de Hegeskoalle Seelân, Hegeskoalle Rotterdam en Van Hall Larenstein en njoggen grutte wurkjouwers mei as doel: attraktyf, heechweardich, aktueel delta(technology) ûnderwiis en fraachrjochte praktykûndersyk, yn in duorsume ferhâlding tusken skoallen en bedriuwen. Cees Veerman is ek ien fan de deskundigen yn de stjoergroep fan it European Innovation Partnership (EIP) on Water nammens de Feriening fan wetterbedriuwen (Vewin) en de Uny fan Wetterskippen.

Hy waard mei yngong fan 1 jannewaris 2012 beneamd as lid fan de Rie fan Tefersjoch fan de Stifting VU-VUmc. Yn maaie 2012 naam er it foarsitterskip fan dy rie oer fan Pieter Bouw, dy't sûnt 2001 foarsitter wie. Hy is ek lid en mooglik foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan de VU-Feriening.

Underskieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 11 april 2007 waard er offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Offisjeel