Springe nei ynhâld

Goudswaard

Ut Wikipedy
Goudswaard
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Hoekske Waard
Sifers
Ynwennertal 2.065 (2019)
Oar
Stifting 1439
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51°48″ N 4°17′ E

Goudswaard is in doarp en eardere gemeente yn it uterste westen fan de Hoekske Waard yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Yn 1984 waard de doetiidske gemeente Goudswaard gearfoege mei de gemeenten Nij-Beierlân, Súd-Beierlân en Piershil ta de nije gemeente Korendijk. Sûnt 1 jannewaris 2019 is it doarp part fan de nije gemeente Hoekske Waard. It doarp hie yn 2019 2.065 ynwenners.

It doarp waard yn 1439 stifte, tagelyk mei it bedykjen fan de polder Oud Korendijk. It doarp Goudswaard is ek wol ferneamd as De Korendijk. Goudswaard wie fan 1903 oant 1956 ferbûn mei Rotterdam mei de tram.

Yn it doarp is in nôtmûne; de Windlust. Der binne twa basisskoallen; de kristlike skoalle School met de Bijbel en de iepenbiere skoalle De Gouwaert. Eartiids wiene de measte winkels en foarsjennings oan en om de Dorpsstraat hinne. Hjoed-de-dei binne dy foarsjennings hast allegear fuort of ferpleatst nei it lytse winkelkompleks oan de Polderboom.

Tichteby Goudswaard binne de Korendijkse Slikken, dy't in fûgelreservaat binne, dat beheard wurdt troch de Feriening Natuermonuminten. Dy besit en beheard tagelyk ek it flakby lizzende eilân Tiengemeten. Besuden it doarpleit it Sandeesche Bosk.

It doarp telt trije tsjerklike gemeenten:

  • Herfoarme tsjerke (binnen PKN)
  • Grifformearde Gemeente
  • Grifformearde Gemeente yn Nederlân