Súd-Beierlân
Appearance
| Súd-Beierlân | |
|---|---|
| Flagge | Wapen |
| Polityk | |
| Lân | |
| Provinsje | |
| Gemeente | |
| Sifers | |
| Ynwennertal | 2.065 (2019) |
| Oar | |
| Stifting | 1631 |
| Tiidsône | UTC +1 |
| Simmertiid | UTC +2 |
| Koördinaten | 51°45″ N 4°22′ E |
Súd-Beierlân (Nederlânsk en offisjeel: Zuid-Beijerland) is in doarp en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Súd-Beierlân waard yn 1631 stifte, doe't de sliken fan De Hitsert yndike waarden as part fan de Grut-Súdbeierlânske Polder. Op de dyk ûntstie it doarp mei deselde namme. Yn 1673 krige it doarp in eigen predikant. It waard doe Súd-Beierlân (Zuid-Beijerland) neamd, mar guon ynwenners neame harren doarp noch hieltyd De Hitsert. Oant 1984 wie Súd-Beierlân in selsstannige gemeente; fan 1984 oant 2019 foel it ûnder de nijfoarme gemeente Korendijk en sûnt 1 jannewaris 2019 kaam it by de gemeente Hoekske Waard.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan it doarp Nieuwendijk ôf, dat tsjin Súd-Beierlân oan leit, fart in fearpont nei it eilân Tiengemeten.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eendrachtskerk
- Mûne Landzigt
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kristie Boogert (1973), tennisser
- Wouter Burger (2001), fuotballer
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Súd-Beierlân yn de Gemeente-atlas fan Nederlân (1865).
- Súd-Beierlân
- Mûne Landzigt
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zuid-Beijerland fan Wikimedia Commons. |
