Tochmalân (wynmole)
Tochmalân is in poldermole oan de noardkant fan Kollum yn de gemeente Kollumerlân. De mole mei stiennen fjildmuorren is dekt mei reid.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mole Tochmalân, ien fan de gruttere wynmûnen fan Fryslân, waard yn 1893 boud foar it bemeallen fan de 550 ha grutte polder mei deselde namme, dy't it jier dêrfoar reekomd wie. It achtkant fan de grûnsiler kaam fan in houtseachmûne yn Veendam.
Tochmalân bemealde de polder oant 1946. In dat jier bruts de boppe-as fan de mole. It bestjoer fan de mole besleat doe oer te gean op elektryske bemalling, wêrfoar't njonken de mole in gemaaltsje boud waard. Yn it earstoan soe de mûne dêrnei ôfbrutsen wurde, mar de boargemaster wie der op tsjin. De gemeente krige yn 1948 de eigendom fan de mûne en liet him restaureare. Ek yn 1963 en 1983 bliek dit needsaaklik. Yn it begjin fan de 20e iuw waard yn de mûne in nije elektromotor set, wêrnei't it gemaaltsje njonken Tochalân sloopt waard. De mûne is yntiids eigendom fan de yn Kollum fêstige Monumintestiftichting Kollumerland c.a..
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tochmaland fan Wikimedia Commons. |