Fuotbalferiening Kollum
| V.V. Kollum | ||||||||||||||||||||||
| Oprjochte | 1 maart 1942 | |||||||||||||||||||||
| Plak | Kollum | |||||||||||||||||||||
| Sportkompleks | Baensein | |||||||||||||||||||||
| Kompetysje | Sneons tredde klasse | |||||||||||||||||||||
| ||||||||||||||||||||||
Fuotbalferiening Kollum is oprjochte op 1 maart 1942, en spilet op sportpark Baensein oan de Bernhardleane. It tenu fan de klup bestiet út in oranje shirt, wite broek en oranje sokken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn augustus 1907 waard yn Kollum in fuotbalferiening oprjochte mei fyftjin leden. Nei alle gedachten hat dizze klup net lang bestien. Om 1922 hinne waard in nije poging weage en opnij mei in bytsje sukses. Yn 1925 waard ûnder de namme "K.V.V. De Katten" wer in fuotbalklup stichte, fuort folge troch in kristlike fuotbalferiening "Frisia". "Hercules" wie de namme dy't yn 1930 oan in nije Kollumer fuotbalferiening jûn waard. Dêrnei siet Kollum wer inkelde jierren sûnder offisjele fuotbalferiening.
Op 1 maart 1942 kaam dêr V.V. Kollum, doe't nei ôfrin fan de oarloch de fuotbalkompetysjes yn Nederlân wer opstart waarden skreau Kollum him mei twa alvetallen yn. Yn de begjinperioade fan de v.v. Kollum waarden de thúswedstriden spile op it yn 1930 iepene sportpark Oostenstein, op it plak fan it hjoeddeiske wenwyk Molenhoek. Sûnt 1967 is it yn dat jier iepene sportpark Baensein oan de súdkant fan it doarp de thúsbasis. De hjoeddeistige kantine waard yn 1992 boud.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|