Springe nei ynhâld

Salomon - It Kollumer oproer

Ut Wikipedy

Salomon – it Kollumer Oproer wie in iepenloftfoarstelling dy't yn 2019 opfierd waard yn Kollum.

It muzykteäter waard spile tusken 3 july en 10 july 2019. De meartalige foarstelling gie oer it wier barde Kollumer Oproer fan 1797. It spile tidens de Frânske oerhearsking, neidat de Oranjes ferballe wiene. Benammen de wâldsjers yn it noardeasten fan Fryslân wiene fûl yn harren ferset tsjin de Frânske oerhearsking en de troch de Frânsken ynfierde tsjinstplicht. Doe’t Boerumer Abele Reitses him yn Kollum foar syn tsjinstplicht melde moast en wegere, waard hy opsluten. Under oanfiering fan Salomon Levy en Jan Binnes ferienen dêrom sa’n 3000 minsken út Kollumerlân om Reitses te befrijen. Salomon Levy flechte yn 1787 foar ferfolgings út Dútslân wei nei Nederlân. Hy wenne sân jier lang yn De Westereen en hie frou en bern. Salomon wie sosjaal man dy’t opkaam foar de wierheid en de earmen. Hy wie in bekend figuer yn it doarp, der is letter in strjitte nei him neamd. It Kollumer Oproer wie in revolúsjonêre en bluoddrige perioade yn de Kollumer skiednis. De lieder fan de opstân, Salomon Levy en Jan Binnes, moasten it mei de dea bekeapje. Se waarden sûnder proses ûnthalze op it skavot fan it Ljouwerter blokhûs. Yn de striid tusken de hûnderten Oranjegesinden en de destiidske Bataafske boargerwacht foelen in soad deaden en ferwûnen oan Oranje side.

Oer de foarstelling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iepenloftspektakel wie in kombinaasje fan teäter, muzyk en film. De foarstelling sjit ôfwikseljend hinne-ende-wer tusken ferline en takomst. It stik waard spile op it Maartensplein fan Kollum. Efter de meardere poadiums riisde de Maartenstsjerke op. It iene momint spile de foarstelling him ôf yn it revolúsjonêre jier 1797, it oare momint wer middenyn de moderne tiid. Aktrise Meriyem Manders spile letterlik Google Maps en loadste it publyk en it haadpersonaazje troch it ferhaal. Fan Frânske soldaten op it hynder oant in fette cabrio en fan Foekje Dillema oant Lady Gaga. It stik gie oer ferline en takomst. Neist de histoaryske line wiene ek aktuele tema’s yn it stik ferwurke: diskriminaasje, mienskipssin, anty-semitisme, it ferwêzentlikjen fan ideälen en ek de yn 2019 spyljende #MeToo-diskusje.

Dick van den Heuvel skreau in eigenstiidsk senario, dêr’t teäter, muzyk en byld op mânske projeksjeskermen naadleas yn elkoar oerrûnen. Van den Heuvel waard earder bekend troch de musical Annie M.G. Schmidt. De rezjy wie yn hannen fan regisseurs Steven de Jong en Atsje Lettinga. De muzyk wie fan De Kast en Hubert Heeringa. Yn it stik diene 150 frijwilligers mei út Kollum en omkriten.

Carla de Bruine naam letter mei De Kast in single op út it stik. Dit liet Hoe 't it fielt is in Fryske bewurking troch De Kast fan Lady Gaga har Till It Happens To You. [1]

Yn de earste dagen fan de foarstelling organisearren de winkellju fan Kollum de 'Oproerdagen' op de Foarstrjitte en de Wâlen. In selskip strjitartysten fan bidlers, wurkfroulju, strjitjonges, rike adel en keaplju brochten winkeljende besikers werom yn de sfear fan 1797. De doarpsomropper warskôge dêrby eltsenien dat it ûnrêstich wie yn Kollum omdat de Frânsken oan de macht wiene. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes
  1. Lied uit Salomon - Kollumer Oproer opgenomen door Carla en De Kast Nieuwe Dockumer Courant, 26 juny 2019
  2. Terug naar 1797: Kollumer Oproerdagen RTV NOF, 18 april 2019