Carla de Bruine
Carla de Bruine | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Carla de Bruine | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Carla de Bruine | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 july 1991 | |
berteplak | Kollum | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Nederlânsk, Frysk, Ingelsk | |
ynstrumint | sjongster, gitaar, piano | |
jierren aktyf | 2010 - no | |
offisjele webside | ||
http://carladebruine.nl/ |
Carla de Bruine, (Kollum, 20 july 1991), is Fryske sjongeres en sjongdosinte út Kollum. Se treedt op ûnder de artystenamme Caytelly.
Nei it Lauwers College yn Kollum gie se nei it Noorderpoort College yn Grins. Yn 2008 wûn se yn Ljouwert de Friesland Soundmix Award. Yn 2009 begûn se oan in sjongoplieding oan de 'School voor de Kunsten' yn Grins. Yn dy tiid wûn se de Masterclass by Pia Douwes. Yn har stúdzjetiid oan de School voor de Kunsten makke se ek har earste EP mei it sels skreaune nûmer Finally Me. De nûmers foarmen in gronologysk ferhaal dat fersterke waard troch visuals en oare effekten. Ien fan de nûmers wie Een Voetstap. Yn har opliedingstiid waard se leadsjongeres by de Grinzer pop/rockband Bad Mojo, dy’t yn 2013 stoppe.
Nei de oplieding yn Grins folge se fan 2012 oant 2017 in stúdzje oan de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert. Se studearre ôf mei eigen wurk yn gearwurking mei in producer. Neist har stúdzje trede hja solo op by brulloften, feesten en festivals. Sûnt 2012 is De Bruine de frontfrou fan de feestband Exposure. Op talintejachten krige se fan sjuerys lof foar har technyske bekwamens en har krêftige lûd.
Sûnt 2017 jout Carla de Bruine sjonglessen en sjongworkshops by opliedingssintra as Elzer Educatie, Sjongynstitút Fryslân en CB Music. [1]
Hoe ‘t it fielt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it stik Salomon – Het Kollumer Oproer út 2019 spile De Bruine de rol van Djoeke Binnes. Mei De Kast waard it liet Hoe ‘t it fielt út dat teäterstik opnomd as single. It is in Fryske bewurking troch De Kast fan Lady Gaga har Till It Happens To You. Hoe ’t it fielt giet oer it tema #METOO, dat ek yn it stik ferwurke sit.[2] De sjongeres besjongt yn it nûmer dat se sels ek slachtoffer west hat. It nûmer kaam yn 2019 binnen op nûmer 27 fan de Fryske Top 100.
Skriem om my
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Steven de Jong bewurke Sleeping Sun út 1998 fan it Finske Nightwish nei it Keltysk-Fryske Skriem om My foar it Grutte Pierprojekt. It Grutte Pierprojekt wie in trilogy film/rige/musical/barren oer it libben fan frijheidstrider Grutte Pier (1480-1520), fiifhûndert jier nei syn dea. Skriem om my giet oer it ferlies fan in dierbere. It nûmer waard produsearre troch De Kast-drummer Nico Outhuijse.[3] Skriem om my kaam yn 2020 nij binnen op nûmer 11 fan de Fryske Top 100. [4]
Foarstelling From Hell to Heaven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn gearwurking mei twa producers makke De Bruine in achttal tracks foar in foarstelling oer it tema 'narsisme' ûnder de titel From Hell to Heaven. Der giet in dokumintêre oer narsistysk misbrûk oan foarôf.[5]
Oare aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Carla de Bruine wie yn 2017 mei-oprjochtster fan it bedriuw 'La Ferme Therme' yn Ryptsjerk. It is in kueroard mei baden mei hieljende mineralen. [6] Sûnt 2019 is se as hypnoterapeute eigeneresse fan Hypnose Centrum Noord yn Hurdegaryp.[7]
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fleane yn'e Loft (2021)
- Skriem om my (2020)
- Shame No More (Bad Mojo, EP, Rock, 2013) Drc Publishing
- Finally Me (EP, 2012) Dream Project Studios
- Explorations (cover CD, 2012) CDB Music
- Een Voetstap (2010)[8]
- mei oaren
- Hoe ‘t it fielt - mei De Kast (2019)
- Get high - mei GrooveTank (2017)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|