Pia Douwes
Petronella Irene Allegonda Douwes (Amsterdam, 5 augustus 1964) is in Nederlânsk musicalsjongster en -aktrise. Douwes wie ûnder mear te sjen as Norma Desmond yn de musical Sunset Boulevard en spile yn theaterseizoen 2010-2011 de rol fan Killer Queen yn de rockmusical We Will Rock You en de rol fan Maria Callas yn it toanielstik Masterclass.
Jeugd en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Douwes is in dochter fan de Amsterdamske keunsthanneler Evert VII Douwes en Nelleke Huf, in nicht fan de fotograaf Paul Huf en fiere famylje fan de Amerikaanske filmstjer Doris Day. Se groeide op yn in húshâlding mei trije bruorren en is net troud. Op har tolfde besleat Douwes de hafû op in ynternaat te folgjen yn Amersfoart.
Nei de havo studearre se oan de Brooking School of Ballet yn Londen fan 1983 - 1986. Dêrneist folge se musicalkursussen yn Salzburg en Wenen ûnder lieding fan Susi Nicoletti en Sam Cayne. Sjongles krige se fierder fan Noëlle Turner en Carole Blaickner-Mayo.
Produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Douwes wurke mei oan in soad telefyzjeprogramma's yn Nederlân, Dútslân en Eastenryk. Douwes song foar de Eastenrykske telefyzje in duet mei José Carreras. Yn it foarjier fan 2001 waard troch de NCRV de dramarige Wilhelmina útstjoerd, wêryn't hja de rol fan Margaretha van 't Sant spile. Yn 2007 wurke se mei oan de telefyzjesyktocht Op zoek naar Evita, as lid fan it panel en as coach. Ek wie Douwes te sjeen op de Dútske telefyzje yn it programma Ich Tarzan, Du Jane. Yn 2008 naam se wer plak yn de stoel fan Op zoek naar en wie se ek wer coach. Diskear socht it panel yn de mande mei Nederlân de nije haadrolspiler foar Joseph and the Amazing Technicolor Dreamcoat. Vanaf 2009 naam Douwes plak yn it panel fan Op zoek naar Mary Poppins. Fierders spile se yn de hjerst fan 2009 Conny Stuart yn Annie M.G., in rige oer Annie M.G. Schmidt. Om deselde perioade spile hja in rol yn Onderweg naar Morgen, als Diana Luzack. Sûnt begjin 2011 is Douwes wer Op zoek naar Zorro panellid.
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Other People's Money (Praag 1994)
- de titelrol yn Jane Eyre (1997)
- Savannah Bay (1998).
- Master Class (as Maria Callas, 2011)
Musicals
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Cats - Ensemblerol en ferskate covers wêrûnder Grizabella (Amsterdam, Wenen, Moskou 1986-1989)
- Les Miserables - Fantine (Amsterdam en Scheveningen 1991)
- Elisabeth - Elisabeth (Wenen 1992-1994)
- Grease - Rizzo (Wenen, 1994-1995)
- Cabaret - Sally Bowles (Bad Hersfeld 1995-1996)
- The Rocky Horror Picture Show - Janet (Bad Hersfeld 1997)
- Evita - Eva Perón (1996-1997)
- Chicago - Velma Kelly (Utert 1997-1998
- Elisabeth - Elisabeth (Scheveningen 1999-2000)
- Sweeney Todd - Beggar Woman (Londen 2000)
- Elisabeth - Elisabeth (Essen 2001)
- Fosse (2001)
- 3 Musketiers - Milady de Winter (Rotterdam 2003-2004)
- Chicago - Velma Kelly (West End, Londen 2004)
- Chicago - Velma Kelly (Broadway, New York 2004)
- Passion - Clara (Nasjonale Tour 2004-2005)
- 3 Musketiers - Milady de Winter (Berlyn 2005)
- Cabaret - Sally Bowles (Amsterdam, 2006)
- Elisabeth - Elisabeth (Stuttgart 2006)
- 3 Musketiers - Milady de Winter (Stuttgart 2006-2007)
- Cats - Grizabella (Nationale Tour 2007)
- 3 Musketiers - Milady de Winter (Stuttgart jannewaris 2008)
- Elisabeth - Elisabeth (Berlyn 2008)
- Sunset Boulevard - Norma Desmond (Nasjonale Tour 2008-2009)
- Chicago - Velma Kelly (West End, Londen 2009)
- Best Of Musical Gala 2010 Dútslân (febrewaris 2010)
- We Will Rock You - Killer Queen (augustus 2010 - december 2010)
- Rebecca das Musical - Mrs Danvers (Stuttgart fan desimber 2011 ôf)
Spile ek de haadrol yn it toanielstik Masterclass, hjiryn spilet se Maria Callas
Oare produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de Walt Disney-film Pocahontas hat se de Nederlânsktalige titelrol ynsongen en ynsprutsen. Se wie soliste yn Cole Porter's Songbook (2000). Mei programma's as In Love With Musicals Again en Musical Moments toerde se geregeldwei mei ûnder oare Uwe Kröger yn Dútslân en Eastenryk.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Image 1996 yn Dútslân
- Dútske Publykspriis foar har rol yn Cabaret (Dútslân).
- 4 x Bêste Musical Fertolkster troch it blêd Musicals, foar har rol yn Elisabeth.
- John Kraaijkamp Musical (2002)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |