Springe nei ynhâld

Marcel Smit

Ut Wikipedy
Marcel Smit
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marcel Smit
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1977
berteplak De Westereen
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre trûbadoer
sjongtaal Wâldfrysk, Frysk
ynstrumint sjonger, gitaar
jierren aktyf 2007 - no
prizen Klipkar Award
offisjele webside
https://marcelsmit.frl

Marcel Smit, (De Westereen, juny, 1977) is in Fryske sjonger en lietskriuwer. Hy is "hikke en teen yn ‘e Westereen!" en wennet yn Burgum. Hy komt út in muzikale famylje, sa spile syn pake Henk Dolstra klarinet yn de Ljouwerter formaasjeThe Red Hot Peppers Thús playbackte de jonge Marcel faak nûmers fan Elvis Presley. Al jong die hy mei oan in playbackshow yn de Westereen. Fan syn fyftjinde oan syn achttjinde wie Marcel deejay fan jongereinsoas "it Badhûs", en op snein sa no en dan yn de Ringo Bar yn Feankleaster. It gitaarspyljen hat er himsels oanleard, mei help fan freonen oanleard.

Yn de hjerst fan 2007 naam er syn earste demo cd 2 op. Hjirop stiene acht covers fan nederpop en ien eigen nûmer: Goudsjeblom. Op Omrop Fryslân waard Goudsjeblom as earste draaid troch Gurbe Douwstra yn syn programma Radio Froskepôle. Mei hjirtroch ferskynde yn 2008 syn sels skreaune single Lyts Famke. Hjirnei trede hy geregeldwei op mei eigen Frysk rippertwaar. Rolf van der Neut skreau yn it begjin muzyk by de teksten en begelate him by optredens. Yn 2010 ferskynde de single De kop der foar! en in jier letter it earste hielendal Frysktalige album Muzyk. Op dit album steane tolve harklietsjes. Mei Gerbrich van Dekken song hy de ballade In part fan dy dat yn 2013 trochstjitte nei de top tsien fan de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Ek mei de nûmers De Westereen en De kop der foar! kaam er yn de Fryske Top 100.

Sûnt 2012 skriuwt Marcel de teksten en de muzyk hielendal sels. Neist solo-optreden treedt er faak op mei syn fêste bandsje de "Hiele Hannel". Hjiryn spylje Wander van Duin (gitaar, banjo, mandoline, dobro en mûlharpe) en Wilt Dijk (kontrabas). Beide muzikanten wurkje mei him gear oan it album Mear Muzyk dat op 21 novimber 2014 presintearre waard yn doarpshûs "Yn ‘e Mande" fan Tytsjerk. Op it album spylje neist de Hiele Hannel ek muzikanten as Peter van der Zwaag, Hubert Heeringa en Christiaan van Hemert (fioele en abardeon).[1] Sûnt 2015 is Marcel in soad op paad mei de trûbadoers Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. Dit gie earst ûnder de namme Douwstra, Smit & Wilkens mar yn 2017 ek mei it teäterprogramma Frisicana wat yn 2019 in ferfolch krije sil mei Frisicana II.[2] Yn dit programma binne se yn harren ferline dûkt en bringe se ferskes oer en fan Amerikaanske - Americana artysten dy har ynspirearre ha, dit yn it Frysk en it Ingelsk.

Neidat Wilt Dijk begjin 2018 stoppe as bassist fan de Hiele Hannel spilet Marcel meast solo, mar docht noch wol optredens mei oare muzikanten lykas mei Wander van Duin.

Marcel Smit skriuwt ek wol foar oare artysten. Sa skreau er de lêste single Maten fan The Bountyhunters (de band fan Johannes Rypma) dat yn 2018 útkaam.

Yn 2016 waard him trochsjongster en aktrise Tet Rozendal op it Wâldpykfeest Brommels! by "De Muzykpleats" yn har rol as Wâldpykambassadrice oan Marcel Smit it Wâldpyk-keurmerk út. Hy krige dit foar syn jierrenlange fertsjinsten yn de muzyk dy’t er yn it Wâldfrysk sjongt.[3] Foar syn fideoclip “Leafde & Whiskey” krige er de Klipkar Award, dy’t útrikt waard by de Fryske Pop Awards jûn yn De Neushoorn yn Ljouwert. [4]

  • Myn âlde Puch, mei De Doelleazen (2017, single)
  • Leafde en whisky (2017, single)
  • De Stjoerman (2015, single)
  • Mear Muzyk (2014, CD)
  • In part fan dy, mei Gerbrich van Dekken (2013, single)
  • Muzyk (Marista, maaie 2011, CD) ISBN 8714835084938
  • De Westereen op Simmer yn Fryslân (2010, CD)
  • De kop der foar! (2010, single)
  • Lyts Famke (Marista, 2008, EP)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: