Alex de Jong

Ut Wikipedy

Alex de Jong (Kollum, 11 novimber 1967) is in Nederlânsk fantasyskriuwer en útjouwer. Syn earste roman, De Raad van Zeven, waard yn 2003 útbrocht troch útjouwerij Attest Fantasy. As earste Nederlanner wûn hy mei dizze roman de Elf Fantasy Award, de lêzerspriis fan Elf Fantasy Magazine.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong waard grutbrocht yn Kollum. Hy is de âldste yn in húshâlding mei fjouwer bern. Hy folge de HBU-oplieding Sjoernalistyk yn Kampen en wurke as bedriuwssjoernalist yn Dimter.[1] Sûnt augustus 2009 wurket hy oan it fierder útbouwen fan syn útjouwerij en komt hy sels ek wer oan skriuwen ta.

Yn desimber 2004 begûn hy mei it útjaan fan it ferhalemagazine Pure Fantasy wêryn't er opmommend skriuwtalint en yllustrators fan fantasy en sciencefiction in poadium biedt. Yn 2005 waard syn earste roman De Raad van Zeven opfolge troch Saga Santorian, in ferhalebondel mei njoggen koarte ferhalen dy't hy sels skreau foar ferskate skriuwwedstriden. Yn 2006 wûn De Jong de Unleash Award foar syn fantasyferhaal Valstrik in Aikririane.

Yn 2007 starte hy mei in nije útjouwerij 'Books of Fantasy'.[1] Dizze útjouwerij hat wyls as hast tweintich boeken fan ferskate auteurs útbrocht.

Anno 2010 wurket hy oan meardere projekten, wêrfan de wichtichste binne: "Sylvestre Curare" (in fantasydetective), "Godendoder" (ferhalen oer Sirkhan de barbaar; ynspirearre op Robert E. Howards Conan de Barbaar), "Ondergang" (steampunk fantasy) en "De Verschoppelingen".

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Raad van zeven, diel 1 fan de Santoriaanse Kroniken (2003)
  • Saga Santorian (2005)
  • Kwade Geesten (2009) (ûnder de skûlnamme Brad Winning); in bondel mei alve koarte thrillereftige ferhalen.
  • Sylvestre Curare, Bloed & Eer (2010) (fantasy-detective ûnder de skûlnamme Brad Winning)

Yn tarieding:

  • Ondergang (steampunk-fantasy)
  • Godendoder (sword & sorcery a la Conan de barbaar)
  • Sylvestre Curare 2 (fantasy-detective)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Alex de Jong biedt fantasy-talent de ruimte, de Stentor, 26 july 2008