Springe nei ynhâld

Achtste Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
Achtste Alvestêdetocht
De rûte fan 'e Achtste Alvestêdetocht (mei de klok mei)
De rûte fan 'e Achtste Alvestêdetocht (mei de klok mei)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 22 jannewaris 1942
evenemint Alvestêdetocht
edysje 8
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Sietze de Groot
winnende tiid 8:44 oeren
tal dielnimmers 970 wedstrydriders
3.862 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

De Achtste Alvestêdetocht wie de achtste offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 22 jannewaris 1942. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. De winner wie Sietze de Groot, in 24-jierrige slachtersfeint út Weidum, mei in tiid fan 8 oeren en 44 minuten. De Achtste Alvestêdetocht wie de twadde fan 'e beide edysjes fan 'e Alvestêdetocht dy't plakfûnen ûnder de Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch. It wie ek de trêde fan 'e iennichste rige ea fan trije Alvestêdetochten dy't jier oan jier ferriden waarden.

Omstannichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Sechsde Alvestêdetocht fan 1940 en de dêropfolgjende Sânde Alvestêdetocht fan 1941 ferwachte frijwol net ien dat der yn 'e winter fan 1941 op 1942 op 'e nij in Alvestêdetocht holden wurde kinne soe. Dy winters wie de froast lykwols noch stranger as yn 'e beide foargeande jierren, sadat it foar it trêde jier op rige heve koe. Dat wie foartiid noch nea foarkommen en is ek neitiid nea mear bard. Beswieren dat de tocht omreden fan 'e Dútske besetting net mooglik wêze soe of út moreel eachpunt net holden wurde moatte soe, waarden, krekt as yn 1941, oan kant reage.

De Feriening De Fryske Alve Stêden avensearre lykwols net mei it útskriuwen fan wat de Achtste Alvestêdetocht wurde soe. Om't de winter dochs noch wol even oanhâlde soe, waard op in gearkomste fan it bestjoer besletten en fersko it bepalen fan 'e datum nei de folgjende dei. In sjoernalist fan 'e Ljouwerter Krante, dy't longere op in primeur, lansearre doe de willekeurige datum fan 22 jannewaris 1942 foar de tocht. De oare deis, doe't it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden dy datum yn 'e krante stean seach, leine se har dêr mar by del.

Foar de Achtste Alvestêdetocht waard de rûte foargoed omkeard: de riders setten no út Ljouwert ôf yn 'e rjochting fan Snits. By de earste fjouwer Alvestêdetochten wiene de riders nammentlik yn 'e rjochting fan Dokkum ôfset om 'e rûte tsjin 'e klok yn ôf te lizzen. By de Fyfde Alvestêdetocht fan 1933 en de Sechsde Alvestêdetocht fan 1940 wie ek al yn súdlike rjochting ôfset om 'e rûte mei de klok mei te riden, mar by de Sânde Alvestêdetocht fan 1941 wie men wer weromkeard nei de âlde sitewaasje. In botsing yn 1941 yn it tsjuster tusken dielnimmers dy't ferskillende rjochtings út rieden op 'e Dokkumer Ie, wêrby't gadingmakker foar de oerwinning Cor Jongert sa slim ferwûne rekke dat er yn Frjentsjer ôfstappe moast, oertsjûge it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden derfan dat it better wie om 'e rûte oarsom te riden. Foar de wedstrydriders betsjutte dat dat se by deiljocht oer de Dokkumer Ie hinne en wer koene, en foar de toerriders dat se, tsjin 'e tiid dat se de Dokkumer Ie berikten, mear ferspraat wiene oer tiid en romte. Sûnt 1942 is de rûte altyd mei de klok mei riden.

Foar dizze feroaring waard de start ferpleatst nei De Swette by de Skinkeskâns. In bykommend foardiel wie dat de finish sa wer midden yn 'e Ljouwerter binnenstêd pleatst wurde koe, op 'e grêft by de Prinsetún oan 'e foet fan 'e Aldehou. Fanwegen in prachtich sniefrije en igale iisflier wie der in protte animo om 'e Achtste Alvestêdetocht te riden.

Oan 'e wedstryd diene 970 reedriders mei. Under harren wie lykwols net Auke Adema fan Frjentsjer, dy't yn 1941 de winner en yn 1940 ien fan 'e winners west hie; hy wie krekt oan it opbetterjen fan in slepende sykte en miste sa syn kâns om 'e Alvestêdetocht trije kear op rige op syn namme te skriuwen. Hoewol't oare grutte nammen fan foarbye jierren wol meidiene, wie it in groep fan ûnbekenden dy't it earst trochkaam by de earste stimpelpost yn Snits: in Alberts út Weesp, in Van der Meer út Parregea en in Miedema út Huzum. In groepke fan favoriten besteande út Joop Bosman fan Breukelen, Cor Jongert fan Maarssen en Lo Geveke fan Ljouwert siet harren op 'e hakken.

Ek yn Drylts leine de trije ûnbekende riders noch foar, mar by trochkomst yn Sleat hie him in folslein nije kopgroep foarme, besteande út Jan van der Bij fan Julianadoarp, Sietze de Groot fan Weidum en C.J.G. Ruitenberg fan Frjentsjer. De ferheardens wie grut yn Sleat doe't ek dêrnei de trijekaart Bosman-Jongert-Geveke mar net trochkaam. Pas folle letter dy deis die bliken dat dyselden har freeslik fersind hiene troch by Nijesyl, fuort foarby Drylts, rjochtsôf te slaan op 'e Wimerts rjochting Easthim en úteinlik Boalsert, dêr't se eins loftsôf moatten hiene op 'e Wide Wimerts rjochting Oasingahuzen, om úteinlik fia de Sleattemer Mar yn Sleat út te kommen. Oaren rieden klakkeleas efter harren oan, sadat tsientallen riders de ferkearde kant út giene. Troch de fertsjustering duorre it yn 'e inketswarte nacht lang ear't de mannen har fan har fersin bewust waarden. Sadwaande kaam de grutte groep teloarstelde riders pas om 8.45 oere troch yn Sleat. Dêr stapten guon ôf; oaren rieden troch, mar inkeld om in Alvestêdekrúske te beheljen, want de kâns op 'e oerwinning wie doe wolfergoed fersjoen.

Ek de kopgroep naam nei de trochkomst yn Sleat, by de oerstek fan 'e Fryske marren en it trochkrusen fan Gaasterlân, oant twaris ta in ferkearde ôfslach, mar beide kearen krigen de riders dat gaueftich troch en koene se it fersin goedmeitsje. By trochkomst yn Starum hie de oant doe ta ûnbekende Douwe Leijenaar fan De Lemmer in foarsprong fan fjouwer minuten op 'e rest opboud. Hy waard folge troch De Groot, Van der Bij, Durk de Jong fan Huzum en Piet Swierstra fan Weidum. Ek yn Hylpen lei Leijenaar noch foaroan, mar de efterfolgers hiene him doe oant op twa minuten ynrûn. Hy wist noch as earste de stimpelposten yn Warkum en Boalsert te berikken, mar begûn doe dúdlik wurch te reitsjen. Tusken Boalsert en Harns waard er úteinlik foarbyriden troch de fjouwer efterfolgers. Yn Harns kaam er sân minuten letter as harren troch.

De fjouwermans kopgroep bleau yntakt oant Dokkum, dêr't er om 13.45 oere trochkaam. De leden praten ôf dat se net besykje soene byinoar wei te riden ear't se foar de twadde kear troch Bartlehiem kamen. Dêrnei lei de wedstryd iepen. Swierstra krige op 'e weromweis oer de Dokkumer Ie lykwols in swiere ynsinking en kaam inkele kearen te fallen. Hy moast de oare trije mannen gean litte. De striid om 'e oerwinning tusken De Groot, Van der Bij en De Jong rûn út op in einsprint op 'e Ljouwerter grêften. Sietze de Groot, in 24-jierrige slachtersfeint út Weidum dy't op houtsjes ried,[1] bliek de measte reserves te hawwen en kaam mei in tiid fan 8 oeren en 44 minuten oer de einstreek. Dat wie 9 sekonden earder as De Jong, wêrnei't Van der Bij nochris 45 tellen letter folge. Swierstra einige úteinlik as sechsde, op njoggen minuten efter de winner.

Geveke, Jongert en de oare wedstrydriders dy't har by Drylts fersind hiene, kamen, ynsafier't se net ôfstapt wiene, om 17.00 oere hinne oer de finish, mei't se goed 50 km ekstra riden hiene. Fan 'e yn totaal 970 wedstrydriders wisten mar 277 binnen twa oeren nei de winner oer de einstreek te kommen. De oare 693 waarden neffens de jildende regels fan 'e wedstryd diskwalifisearre. Ien fan harren die der mar leafst 18 oeren oer om Ljouwert wer te berikken, rom de dûbele tiid fan De Groot.

De Groot hold oan syn oerwinning in Alvestêdekrúske oer en teffens in gouden medalje fan 'e KNSB, in smooktafel mei ynskripsje en in sulveren mês, leppel en foarke.[1] De gouden medalje kaam gedoch efterwei. Mindert Hepkema, de foarsitter fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden, stjoerde De Groot letter in brief, wêryn't er op knoffelige wize skreau dat it jaan fan 'e medalje oan De Groot in fersin wie; dizze medalje hie foar de winner fan 'e Sânde Alvestêdetocht yn 1941 bedoeld west, en oft De Groot him wol eefkes weromstjoere woe, sadat er omwiksele wurde koe foar ien fan 'ferfangingsmetaal'. Nei in hiele omhaal fan wurden bliek fierderop yn it brief wêr't it eins om te dwaan wie: op 'e medalje stie "Koninklijke Nederlandse Schaatsbond" fermeld, en "Koninklijk" mocht net fan 'e Dútsers. De Groot joech lykwols net thús en hold de medalje.[1]

In filmke fan 'e Achtste Alvestêdetocht yn 1942.
posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Sietze de Groot Weidum 8:44
2 Durk de Jong Huzum 8:44
3 Jan van der Bij Julianadoarp 8:44
4 Sipke Beetstra Terkaple 8:50
5 Jacob Bosch Andyk 8:50
6 Pier Swierstra Weidum 8:53
7 Abe de Vries Gitern 8:56
8 Oane de Vries Gytsjerk 9:00
9 Douwe Leijenaar De Lemmer 9:01
10 G. Uil Follenhove 9:06

Oan 'e toertocht fan 'e Achtste Alvestêdetocht diene fanwegen de geunstige waarsomstannichheden en it goede iis mar leafst 3.862 riders mei. Dêrfan rieden 3.669 de tocht út, in rekôrpersintaazje fan 95%.

Hoewol't der doedestiden noch gjin spesjale wedstryd foar froulju wie, diene ferskate hûnderten rydsters mei oan 'e toertocht. Fan harren lei de 21-jierrige Antje Schaap fan Wurdum al yn Hylpen alve minuten foar op Sjoerdtsje Faber en Wopkje Kooistra, beiden út Wergea, dy't by de Sechsde Alvestêdetocht fan 1940, resp. de Sânde Alvestêdetocht fan 1941 as earste frou oer de einstreek kommen wiene. Schaap arrivearre om 16.00 oere yn Ljouwert en ried de toertocht út yn in tiid fan minder as 9 oeren en 30 minuten. Dêrmei wie se de fjirde toerrider dy't oer de einstreek kaam. Behalven toerriders hie se ek hûnderten wedstrydriders ynhelle, ek al wiene dy earder fan start gien as de toerriders. Faber en Kooistra kamen tegearre persiis in healoere letter binne.

Wierskynlik de jongste dielnimmer oan 'e Achtste Alvestêdetocht wie de fyftjinjierrige Jeen Nauta fan Warten, dy't de tocht útried, mar offisjeel omreden fan syn leeftyd net iens meidwaan meien hie. Hy soe noch fan him hearre litte yn folgjende edysjes fan 'e Alvestêdetocht. De offisjele minimumleeftyd foar dielnimmers wie eins achttjin jier, mar dy hie de organisaasje foar dizze kear ferleegje moatten nei sechstjin jier, sadat tweintich jonges fan 'e Nasjonaal Jeugdstoarm, sis mar de paadfinerij fan 'e NSB, meidwaan koene.[1] Trettjin fan harren hellen de einstreek yn Ljouwert.[1] Ek de Joadske ûnderdûker Fred Lombatto die mei, ûnder de skûlnamme Van den Heuvel. Hy koe blykber yn 'e massa opgean, want hy reizge mei de trein nei Ljouwert, útfanhûze dêr earne en ried de tocht út.[1]

Fan 'e dielnimmers oan 'e Achtste Alvestêdetocht ferstoaren der neitiid trije as gefolch fan in tetanusynfeksje dêr't se mei oanhelle rekke wiene troch it oprinnen fan befriezingsferskynsels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Walthaus, Asing, "Daar zullen vegetariërs van opkijken", yn: de Ljouwerter Krante, 22 jannewaris 2022, s. 27.


Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht