Springe nei ynhâld

Giteren

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gitern)
Giteren

Giteren (Nederlânsk en offisjeel: Giethoorn; Stellingwerfsk: Gietern) is in doarp yn de kop fan Oerisel, yn de gemeente Stienwikerlân. Oant 1973 wie it in selsstannige gemeente. Giteren leit tusken Stienwyk en Meppel.

It doarp hat 2.620 ynwenners en is bekend troch syn brechjes, wetter en punters. It wurdt wol it Feneesje fan it noarden neamd.

Troch de feanterij ûntstienen plassen en marren. Om de turf te ferfieren groef men fearten en sleatten. In soad huzen binne om samar te sizzen op eilantsjes boud, dy't allinnich troch brechjes te berikken binne. De measte fan de mear as 176 brêgen binne privee-eigendom.

De ienige trochgeande ferbining oer lân is in fyts- anneks kuierpaad dat dwers troch it doarp rint; it measte ferkear giet oer wetter. Dêrfoar wurde faak punters brûkt, foarút skood mei in punterboom, krektas de gondels yn it echte Feneesje.

Tsjerklik besjoen is Giteren in frijsinnige enklave mids in otterdoks gebiet mei doarpen as Staphorst, Genemuiden en Hasselt. De doarpstsjerke, De Vermaning , waard stifte yn 1871.

In winkelman sutelet yn Giteren mei in punter, 1955
Giteren yn 1942

Om it jier 1200 fêstigen leden fan de sekte fan de Flagelanten har yn it grutte feangebiet dêr't no Giteren leit. Sy makken fan it gebiet de earste feankoloanje fan Nederlân.

Yn de 14e iuw waard de earste tsjerke yn Giteren boud. Yn de twadde helte fan de 16e iuw festigen har de dopersken yn Giteren. Om dy tiid hinne begûn ek de wiete ferfeanting, dêr't foar it tanimmende turfferfier ûnder mear de Doarpsgrêft foar groeven waard. By dizze wetterwei lâns setten har hieltiid mear minsken ta wenjen, wêrûnder in soad boeren.

Troch de ferfeanting ûntstienen om Giteren grutte marren lykas de Boppenwide. Nijsgjirrich oan dizze marren is dat it wetter der faak net mear as in meter djip is. De Giterske Mar tusken Giteren en Bloksyl is de ienige mar yn de regio dy't net troch ferfeanting ûntstean is. Dy mar is ûntstien yn de lêste iistiid.

Giteren wie oant 1973 in selsstannige gemeente. Giteren gie doe mei Wanperfean, Bloksyl en Follehove op yn de gemeente Brederwide. Op 1 jannewaris 2001 is Brederwiede tegearre mei de eardere gemeenten Stienwyk en Iselham opgien yn de nije gemeente Stienwikerlân.

Doopsgesinde tsjerke fan Giteren

De Flagelanten, dy't as muontsen yn it Fransiskanenkleaster teagen dat yn in buorskip yn Giteren-Noard stie, fûnen in soad hoarns fan geiten dy't troch de stoarmfloed fan 1170 út de Sudersee wei omkomd wiene. Se neamden dizze delsetting dan ek Geytenhorn, letter waard dat Geythorn, en troch de lokale taal is dat Giethoorn wurden. De Fryske nammen is foarme troch it de klank fan it klamleas wurdlid wei te litten. De geitehoarn is werom te finen yn de Giterske flagge.

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Giteren hat ferskate skilders oanlutsen. Sy keazen Giterske tafrielen as ûnderwerp. In soad fan dizze skilders hearden ta de Haachske of Larenske Skoalle, lykas Cornelis Vreedenburgh, W.B. Tholen en G.F. van Schagen. Dy útfanhuzen hjirfoar dan bygelyks by kafee Sloothaak yn it doarp om nei in pear wike wer ôf te setten. Se útfanhuzen dan oan de Súdein. In skilder dy't him festige hat yn Giteren wie Piet Zwiers. De skilder Hendrik Broer is berne yn Giteren.

Fan 1912 oant 1929 wie Tjeerd Hylkema ferbûn oan de Meniste gemeente fan Giteren. Nei him waard de ds. T.O. Hylkemawei neamd, dy't yn de folksmûle lykwols ek as it "Peerdepad" bekend stiet. Sûnt de jierren santich fan de 20e iuw rekke Giteren yn trek as wenplak foar bekende Nederlanners. Akteur Rijk de Gooyer wie dêryn de trendsetter. Nei him folgen ûnder oaren de skriuwers Herman Pieter de Boer en Eelke de Jong en striptekener Peter van Straaten.

Yn 1974 gie de wenpleats fan Rijk de Gooijer yn flammen op. De nachtlike brân is nea opheldere, mar fermoede wurdt dat skeel oer in net weromjûn rûntsje yn de kroech út de hân rûn is. Topkok Jonnie Boer, is berne yn Giteren. De frou fan René Froger, Natasja Froger-Kunst hat koarte tiid yn Giteren wenne.

De langebaan-rider Tim Roelofsen komt ek út Giteren.

Bert Haanstra naam yn Giteren yn 1958 syn spylfilmdebút Fanfare op, in film oer twa rivalisearjende fanfares yn it fiktive doarpke Lagerwide.

Toeristyske trekpleisters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Museumpleats 't Olde Maat Uus. Dit is in Giterske pleats út omkring 1800 mei in tentoanstelling oer 100 jier wenjen en wurkjen yn Giteren. De pleats is ynrjochte yn âlde styl, ynklusyf winkeltsje, fiskershúske, tsjasker en heaberch.
  • Skipswerf Schreur en skipswerf Wildeboer. Hjir wurde Giterske punters en streekeigen platboaiems boud.
  • Museum "De Oude Aarde". Hjir is in tentoanstelling fan edelstiennen, sierstiennen en mineralen, en in terrarium.
  • Skulpegalery Gloria Maris
  • Automuseum "Histomobil". Neist auto's en oare ferfiermiddels wurde hjir ek redens, waachtastellen ensfh. tentoansteld.

By Giteren stiet in trijetal ienfâldige poldermooltsjes fan it type tsjasker, te witten: Molegat, Noard, Súd. Súd fan it doarp stiet in lytse wynmotor.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stienwikerlân
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
· · Berjocht bewurkje