Auke Adema

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Adema (1941)

Auke Adema (Frjentsjer, 4 oktober 1907Berltsum, 31 maart 1976) wie in Frysk rider.

Adema wûn de 6e Alvestêdetocht op 30 jannewaris 1940. Dizze oerwinning moast hy lykwols diele mei Dirk van der Duim, Cor Jongert, Piet Keizer en Sjouke Westra, omdat se mei syn fiven tagelyk oer de streek kamen. De fiif riders hienen yn Dokkum ôfpraat mei-inoar finisje te sillen, in ôfspraak dy’t letter bekend bleaun as it Pakt fan Dokkum. Op 6 febrewaris 1941 wûn Adema de 7e Alvestêdetocht, dit kear allinnich.

Letter waard de mooglikheid om de winst fan de Alvestêdetocht te dielen mei oare riders ferbean. Dit hat ien kear laat ta in tocht sûnder winst. Op 14 febrewaris 1956 gienen wer fiif riders tagelyk oer de streek. Se waarden letter út de útslach skrast, hoewol't der gjin nije winner oanwiisd waard.