Pakt fan Dokkum

Ut Wikipedy
De leden fan it Pakt fan Dokkum. F.l.n.rj.: Auke Adema, Sjouke Westra, Cor Jongert, Durk van der Duim en Piet Keijzer.

It Pakt fan Dokkum wie in ôfspraak dy't troch fiif dielnimmers oan 'e Sechsde Alvestêdetocht op redens makke waard op 'e dei fan 'e tocht, 30 jannewaris 1940. Dêrby gie it om Auke Adema fan Frjentsjer, Durk van der Duim fan Wergea, Cor Jongert fan Maarssen, Piet Keijzer fan De Lier en Sjouke Westra fan Warmenhuzen. Hja rieden fiifresom oan 'e lieding fan 'e wedstryd sûnt de Boalserterfeart ter hichte fan Parregea. Doe't se oer de Dokkumer Ie ûnderweis wiene werom fan Dokkum nei Bartlehiem, stelde Jongert oan 'e oaren foar om mei syn fiven tagelyk oer de einstreek yn Ljouwert te gean. Allinne Westra fielde dêr net foar, wêrnei't de oare fjouwer mannen op him ynpraten oant er tajoech.

Doe't se Ljouwert yn riden wiene, koe Adema him lykwols in pear hûndert meter foar de finish net mear ynhâlde. Hy sette in sprint yn en ried by de oaren wei. Keijzer gie him efternei, mar wat dêrnei barde, wie foar nimmen goed te sjen om't in kliber útsinnige fans fan it reedriden it iis op draafde om 'e mannen te ûntheljen. Neitiid wie de betizing grut. Adema waard as winner oanwiisd, mar Keijzer hold doe (en de rest fan syn libben) út dat hy it wie dy't it earst oer de einstreek kommen wie. Jongert wiisde derop dat syn stimpelkaart as earste ôfstimpele wie, wat de echte ein fan 'e Alvestêdetocht wie. Nei oerenlang yn beried west te hawwen oer dizze tizeboel, besleaten sjuery en bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden om alle fiif mannen dan mar ta winner út te roppen. Hja hiene de tocht ôflein yn in tiid fan 11 oeren en 30 minuten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.