Wopkje Hutting-Kooistra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wopkje Hutting-Kooistra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wopkje Hutting-Kooistra
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 10 juny 1924
berteplak Wergea (Fryslân)
stoarn 30 maaie 2017
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt húsfrou
aktyf as Alvestêdetochtrydster
jierren aktyf 19411954

Wopkje Hutting-Kooistra (Wergea, 10 juny 1924Ljouwert, 30 maaie 2017)[1] wie in Fryske frou dy't yn 1941 de Alvestêdetocht op redens wûn.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hutting-Kooistra waard yn 1924 berne yn Wergea. Se naam yn 1941 as sechstjinjierrich famke diel oan 'e Sânde Alvestêdetocht, dy't dat jiers ferriden waard op 6 febrewaris. Se foltôge de tocht yn in tiid fan alve oeren en njoggen minuten, wat achttjin minuten flugger wie as de twadde froulike dielnimmer dy't oer de streep kaam, Sjoerdtsje Faber. Neffens harsels levere Hutting-Kooistra dy prestaasje op inkeld in grut board hjouwerflokken en in stik as wat brochjes mei tsiis, dy't se yn 'e bûsen hie. Lykwols waard se net registrearre as winnaresse, om't der doedestiden gjin offisjeel wedstrydbelied foar froulju bestie.

Neitiid ried Hutting-Kooistra ek de Alvestêdetochten fan 1942, 1947 en 1954 út, sadat se yn totaal mar leafst fjouwer Alvestêdekrúskes sammele. Tegearre mei Faber sette Hutting-Kooistra har yn foar in offisjele wedstryd foar froulju dy't parallel oan dy foar de manlju plakfine moast. It duorre lykwols noch oant 1984 ear't dat formeel regele wie. Hutting-Kooistra kaam op 30 maaie 2017 yn Ljouwert te ferstjerren, tsien dagen foàr har 93e jierdei. Se hie sân bern en ferskate beppesizzers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stjerberjocht fan Wopkje Hutting-Kooistra
  • ——, Elfstedenwinnares Hutting Overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 2 juny 2017, s. 3.