Wide Wimerts
Appearance
De Wide Wimerts leit yn de gemeente Súdwest-Fryslân, fan it Wiiddraai by Nijesyl, oan de westkant fan Drylts, oant de Jeltesleat oan de eastkant fan Heech. Foarby it Wiiddraai giet it wetter nei it noarden fierder as De Wimerts, nei it suden giet it foarby de Jeltesleat fierder as de Nauwe Wimerts.
Fan it noarden út foarmet earst de Weinsleat nei it easten in ferbining mei de súdein fan Drylts. Dan giet de Wide Wimerts troch Osingahuzen. En krekt foar de Jeltesleat komme noch de Hegemer Far en de Sânsleat op it wetter út.