Nauwe Wimerts (Wâldsein)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Nauwe Wimerts is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint as fuortsetting fan de Wide Wimerts troch nei besuden de krusing mei de Jeltesleat en rint benoarden Wâldsein út yn de Noarderie. Oan de westkant fan de feart leit polder de Gouden Boaiem.

De namme Nauwe Wimerts jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nauwe Wijmerts.