Jeltesleat

Ut Wikipedy
Jeltesleat

De Jeltesleat is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is in drokke farferbining tusken it Prinses Margrietkanaal en de Hegemer Mar. Yn wêzen is it de fuortsetting fan it Johan Frisokanaal dat fan Starum nei Heech rint. By de krusing mei de wei Snits-De Lemmer (de N354) is in akwadukt boud: it Akwadukt Jeltesleat. It akwadukt waard boud yn it ramt Fryske Marreprojekt.