Akwadukt Jeltesleat
It Akwadukt Jeltesleat is it akwadukt oan de súdkant fan De Hommerts, wêr't de N354 en de Jeltesleat elkoar kruse. It bouwurk waard op 23 novimber 2007 offisjeel iepensteld foar ferkear. It akwadukt is ien fan de fiif akwadukten dy't diel út meitsje fan it Fryske Marrenprojekt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou is ein 2005 begûn. De tunnel waard útfierd as in iepen bouput konstruksje, wat betsjut dat de Jeltesleat foar in bepaalde perioade gedieltelik foar skipfeartferkear ôfsluten waard.
It tichte diel fan it akwadukt is 45,4 m lang en de beide taritten binne 198 m. De totale lingte fan de konstruksje komt dêrmei op 441,4 m. It djipste punt fan de tunnel (boppekant asfalt) leit op 9,44 m ûnder NAP. Op 7 maaie 2006 stoarte in diel fan de damwand yn, trochdat in bout losskeat.
De Jeltesleatbrêge waard sloopt.