Springe nei ynhâld

Jeltesleatbrêge

Ut Wikipedy

De Jeltesleatbrêge wie in ophelbrêge oer it Johan Frisokanaal yn de buert fan it doarp De Hommerts yn de gemeente Súdwest-Fryslân yn de provinsje Fryslân.

Oarspronklik hie de brêge (boud yn de jierren 1960) in trochfearthichte fan 1,20 m. Yn 1989 is de brêge oant 3,75 m ferhege om mear boaten passearje litte te kinnen sûnder dat betsjinning needsaaklik wie. Nettsjinsteande dat bleau de brêge in flessehals foar sawol it skipfeart- as it dykferkear. Om de passaazje fan de skipfeart te bondeljen en it weiferkear sa min mooglik te behinderjen waard yn de iere jierren 80 in tiidsysteem ynfierd. Boaten waarden mar twa kear yn 'e oere (letter yn de jierren 90 trije kear yn 'e oere) de farrjochting trochlitten wêrtroch't yn it drokke heechseizoen files fan tsientallen boaten ûntstiene.

Yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt is de brêge ein 2007 sloopt en troch it Jeltesleat Akwadukt ferfongen om oan de oanhâldende stream skipfeartferkear rjocht te dwaan.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: