Springe nei ynhâld

Sint-Janskleaster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint-Jansklooster)
Sint-Janskleaster
Sint Jansklooster
Haadstrjitte yn Sint-Janskleaster
Haadstrjitte yn Sint-Janskleaster
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 2.520 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 25,39 km² (19,35 km² lân, 6,04 km² wetter)
Befolkingsticht. 99 ynw./km²
Hichte 3 m
Oar
Koördinaten 53° 41' NB, 6° 0' EL
Kaart
Sint-Janskleaster (Oerisel)
Sint-Janskleaster

Sint-Janskleaster (Nederlânsk en offisjeel: Sint Jansklooster, Nedersaksysk: t Klooster) is in doarp yn de Kop fan Oerisel. It doarp mei de omlizzende gebieten wurdt Ambt Vollenhove neamd en leit yn it Lân Follenhove. Sûnt 1 jannewaris 2001 heart it by de gemeente Stienwikerlân. Sint Jansklooster hie op 1 jannewaris 2021 sa'n 2.500 ynwenners.

Sint-Janskleaster is neamd nei it konvint op de Sint-Janskamp, in kleaster dat yn 1399 stifte waard troch de bline Johannes fan Ommen. [2] It Sint-Janskleaster waard yn 1581 ferwoastge yn de Tachtichjierrige Kriich.

De bekendste eartiidske ynwenner fan it doarp is sûnder mis Evert van Benthem, twafâldich winner fan de Alvestêdetocht. Yn it doarp stiet in stellingmole út 1857, de Muontsemole en in tsjaskermole, De Foeke.

Sint-Janskleaster falt ûnder de Lân fan Follenhove, ek wol Lân Feno neamd, dêr't ek Barsbeek, Heetveld, Leeuwte, Moespot, Kadoelen en De Krieger ta hearre.

De wettertoer fan Sint-Janskleaster

It doarp is yn wide omkriten bekend troch it blommekorso, dat dêr elk jier op de tredde sneon fan augustus hâlden wurdt. It korso lûkt tuzenen minsken en de regionale telefyzjestjoerder TV-East docht der ferslach fan. De pleatslike bewenners binne moannen yn it foar al mei de tariedings dwaande. De fersiering fan de metershege prealweinen wurde meast dahlia's foar brûkt. It tal dahlia's ferskilt fan 150.000 oant 350.000 stiks de korsowein. It korso lûkt op de 3e freed fan augustus troch Sint-Janskleaster.

Tsjerklik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp hat fjouwer tsjerkegebouwen.

Tekenjend foar it doarpsbyld is de wettertoer. De toer fan 1932 wurdt hjoed-de-dei net mear brûkt as wettertoer. Sûnt 2012 is de toer ferboud ta in útsjochtoer. Ek is der in besikersintrum fan de Feriening Natoermonuminten. Sûnt de iepening yn 2014 kin de besiker mei in treppe fan 207 trêden nei in 46 meter hege romte yn de top fan de toer. Fan it heechste punt wei kin oer De Wieden hinne sjoen wurde. Besikers krije yn de toer ynformaasje oer de natoer. De toer is sneons iepen foar it publyk.

Besikerssintrum De Wieden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten Sint-Janskleaster leit it Besikerssintrum De Wieden fan Natoermonuminten.

It doarp hat twa basisskoallen: Eben Haëzer (grifformeard frijmakke) en De Wiedewereld (protestantsk). Fierder hat it doarp in sportferiening VHK en in muzykferiening Soli Deo Gloria.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: