Springe nei ynhâld

Jan Roelof Kruithof

Ut Wikipedy
Jan Roelof Kruithof
Reedrider
Jan Roelof Kruithof (1987)
Jan Roelof Kruithof (1987)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 16 desimber 1936
berteplak Ousterhaule
sportive ynformaasje
ûnderdiel maraton

Jan Roelof Kruithof (Ousterhaule 16 desimber 1936) is in arsjitekt en earder maratonrider.

Yn 1941 ferhuzet de famylje nei Kolderveen (Drinte). Yn 1948giet de boeresoan nei de ambachtsskoalle, ôfdieling timmerjen. Wurket nei 1950 yn de bou en wurdt yn 1953 opsichter - tekener op in arsjitekteburo. Yn 1965 rjochtet er yn Havelte sels in arsjitekteburo op.

Ried op 19-jierrige leeftiid de Alvestêdetocht. Ek yn 1963 ried er mei, mar kaam pas nei achten binnen en helle doe net in âlvestêdekrúske. Kruithof begûn aktyf te maratonriden yn 1969. Ried as ien fan de earste marathonriders mei reklame: Meubelgigant út Grins. Mei syn sterke gestel, syn hertslach yn rêst is bygelyks amper fjirtich slaggen yn de minút, treende er alle jierren foar de folgjende Alvestêdetocht. Syn grutste wapenfeit is dat hy tusken 1974 en 1991 9 kear de alternative Alvestêdetocht wûn. Bytiden lei er wol in kertier foar en stie bekend om syn einsprint. Hy treende dêrfoar yn in friessel fan in kuolhûs. Ek wûn hy 4 fan de 5 edysjes fan de Oldambtrit tusken 1969 en 1980, en fêstige twa wrâldoererekords, yn Ynzell ried hy op 23 febrewaris 1976 in ôfstân fan 36.971,00 m. Yn 1994 fêstige hy yn Baselga di Pinè in rekord foar de grutste ôfleine ôfstân op redens yn 24 oere: 655 kilometer en 700 meter.

Yn de jierren '70 en begjin jierren '80 gou hy as hast net te ferslaan yn wedstriden langer as 100 km, mar hy hie de pech dat de Alvestêdetocht yn dizze perioade net ferriden waard. Yn 1973 ferbettere er op keunstiis it wrâldoererekord fan Tonny Ferwerda en brocht it op 35,246 meter. Doe't yn 1985 lang om let de trettjjinde Alvestêdetocht dochs kaam, gou hy (startnûmer 708) noch altiten as grutte kânshawwer, nettsjinsteande it feit dat hy wyls 48 jier âld wie. Troch in falpartij by it klunen yn Kimswert ferlear hy lykwols oansluting by de kopgroep, en waard uteinlik tolfde. By de Alvestêdetocht fan it folgjende jier waard hy 52e. By de fyftjinde Alvestêdetocht yn 1997 finishte hy, earsuchtich as er wie, dield mei trije oaren as earste toerrider.

Yn 1995 die er mei oan de kuierâlvestêdetocht.

Oldambtrit
  • 1969 (1e)
Grutte Feanpoldertocht
  • 1970 (1e)
Hollân-Feneetsjetocht
  • 1970 (1e), 1972 (1e)
Wrâldoererekord
  • 1973 ( 35,246 km )
Etmelrekord
  • 1992 (608 km), 1994 (655 km)
meidien oan Alvestêdetochten fan
  • 1956, 1963, 1985 (12e) en 1986
Alternative Alvetêdetochten
  • 1974 (Noarwegen, 1e)
  • 1976, 1977, 1980, 1981, 1982, 1984 (Finlân, allegear 1e)
  • 1983 (Amearika, 1e)
200km-tochten
  • 1987 (Feluwemar, 1e)
  • 1991 (Finlân, 1e)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante, 4 jannewaris 2012 side 14