Springe nei ynhâld

Federalisme

Ut Wikipedy

It federalisme is in steatsfoarm wêrby't gjin sintraal steatgesach foarstien wurdt. Ynstee dêrfân wurdt oan de ôfsûnderlike dielen in soad selsstannichheid jûn, mar sûnder dat it bnasjonale of federale nivo bestiet by de graasje fan de dielsteaten. In steat dy't sa ynrjochte is hjit in dielsteat. De FNP stiet ek feralisme foar.

Yn 1949 waard yn Ljouwert de FFE (Fryske Foriening foar in Federaal Europa) oprjochte, dy't yn 1950 yn de mande mei fertsjintwurdigers fan oare "nasjonale minderheden" de "Union Fédéraliste des Communautés Ethniques Européennes" stifte. Sekretaris fan begjin ôf oan wie Povl Skadegaard yn Rungsted-Kyst út Denemark. Der wie yn de earste jierren ek ferbining mei oare organisaasjes yn de Europeeske Beweging yn Europa. De earste sekretaris wie dr. yr. J.B. van der Meulen út Marsum; dr. W. Kok út Ljouwert hat in oantal jierren presidint fan de UFCE west. Yn 1950 en 1965 trede de FCE op as gasthear fan in UFCE-kongres. Yn 1952 kaam der neist de FCE in FFJ (Fryske Federalistyske Jongerein) mei as sintrale figuer G.R. Joustra te Ljouwert. Oant 1961 wie de FFJ lid fan de Nederlânske Jongereinried fan de Europeeske Beweging, dêr't de organisaasje ek ynsidinteel troch subsidiearre waard. Der waarden konferinsjes hâlden mei bûtenlânske sprekkers.

Neidat beide organisaasjes in tiid lang net folle inisjatyven ûntploaid hienen, namen leden fan de beide bestjoeren it wurk wer op. Der waard dielnomd oan konferinsjes fan de UFCE en der waarden fannijs kontakten lein mei ûnder oare Flamingen, Bretons en Basken. Ek waarden lytse brosjueres útjûn oer Fryslân en de Fryske Beweging yn it Nederlânsk, Frânsk, Dútsk en Ingelsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: