Marit Bouwmeester

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marit Bouwmeester
Olympic Rings black.svg sporter
Marrit Bouwmeester-yt160509.jpg
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 17 juny 1988
berteplak Warten
sportive ynformaasje
sport silen
ûnderdiel Laser radiaal
trener Mark Littlejohn
earste titel NK 2007 Laser Radiaal
O.S. Londen 2012
Rio de Janeiro 2016
debút 2002
wichtige prestaasjes
Sulver Olympyske Simmerspullen 2012 Londen
Goud Olympyske Simmerspullen 2016

Marit Bouwmeester (Warten, 17 juny 1988) is in Frysk sylster. Bouwmeester is lid fan sylclub KWV Frisia en wennet yn Warten. Marit Bouwmeester is de suster fan Roelof Bouwmeester dy't lykas har op it heechste nivo sylt.

Bouwmeester har karriêre begûn doe't se nei eigen sizzen per ûngelok yn de jeugd kearnploech fan it hurdsilen bedarre mei har boat de optimist. Doe't se te âld waard foar de optimist, is se oerstapt op de Laser radiaal klasse hokker no in Olympyske klasse is. Bouwmeester is nomineare om mei te dwaan oan de Olympyske Simmerspullen fan 2012 yn Londen.

Yn it Australyske Perth waard de sylster wrâldkampioen. De olympyske wedstriden wurde syld op it wetter by Weymouth. Dêr wûn Marit earder dit jier de wrâldbekerwedstriid en ek it pre-olympysk toernoai. Boppedat waard se winner fan de wrâldbeker yn Medemblik. As de nûmer ien op de wrâldranglist en winner fan it algemien klassemint om de wrâldbeker 2011 wie de 23-jierrige sylster ien fan de grutte favoriten foar it WK fan Perth. Tidens it Wrâldkampioenskip yn it Spaanske Cadiz, wist Bouwmeester har te kwalifisearjen foar de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen. Under dy Spullen wûn Bouwmeester in sulveren medalje.

Yn 2016 wûn se op 'e Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro in gouden medalje.

Underskiedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar har sylprestaasjes krige se yn 2010 en yn 2011 de Conny van Rietschoten Trofee, de grutste sylpriis fan Nederlân. by de huldiging op 24 augustus 2016 is hja keninklik ûndrskieden foar har prestaasje troch kening Willem Alexander. Hja is benoemd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje -Nassau. Nei oanlieding fan har olympyske gouden medalje mocht hja foar de tredde kear de Conny van Rietschoten Trofee yn ûntfangst nimme, diskear dield mei olympysk kampioen RS:X Dorian van Rijsselberghe. Yn 2017 krige hja de ISAF World Sailor of the Year Award. Op 15 febrewaris 2017 waard se foar de fyfde kear yn har karriêre útroppen ta Frysk sportfrou fan it jier, yn dit gefal sportfrou fan it jier 2016, tegearre mei turnster Sanne Wevers fan It Hearrenfean.[1]

Prestaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2018

  • Sulver WK 2018
  • Goud EK 2018

2017

  • Goud EK 2017
  • Goud WK 2017

2016

  • 4e op it WK 2016
  • Goud Olympyske Winterspullen yn de Laser Radiaal foar froulju

2014

  • Goud WK 2014

2012

  • Sulver Olympyske Simmerspullen Londen

2011

  • 1e ISAF Sailing Worldcup Weymouth
  • 1e Delta Lloyd Regatta Laser Radiaal
  • 1e Wrâld Kampioenskip Laser Radiaal yn Perth, Austraalje

2010

  • 2e Nederlânsk kampioenskip Radial froulju
  • 1e ISAF Sailing Worldcup Weymouth
  • 2e Wrâld Kampioenskip Laser Radial yn Largs, Skotlân
  • 1e ISAF Sailing Worldcup Medemblik
  • 1e 12 maaie ISAF World Ranking
  • 2e Womens Radial North American Championship

2009

Marit Bouwmeester silend yn 2010.

2008

  • Nederlânsk kampioen Radial froulju

2007

  • Nederlânsk kampioen Laser Radial iepen

2006

  • 3e Nederlânsk kampioenskip Laser Radial froulju
  • 2e ISAF Youth Sailing Championships Weymouth, Ingelân
  • 2e Laser European Radial Championships Riccione, Itaalje

2005

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes

  1. Lolkema, Renze, Vier sportvrouwen van het jaar, yn: de Ljouwerter Krante, 16 febrewaris 2017, s. 2.