Piter Bergsma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Piter Bergsma
Olympic Rings black.svg sporter
Pieter Bergsma by it NK 1974
Pieter Bergsma by it NK 1974
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 21 desimber 1927
berteplak Warten
sportive ynformaasje
sport Damjen
earste titel Ned. kampioen damjen 1968
ekstra Rekordkampioen fan Fryslân. Dielname EK 1971 en 1974

Piter Bergsma (Warten, 21 desimber 1927 - Terwispel, 21 juny 2012) wie in Fryske dammer dy't yn 1968 Nederlânsk Kampioen waard. Hy is rekordkampioen fan Fryslân mei 14 titels (de earste yn 1948 en de lêste yn 1984). Hy die mei oan it Jeropeesk Kampioenskip fan 1971 en 1974. Hy hat alle troch him spile kompetysje-, toernoai- en klubwedstriden - meiïnoar hast 2500 partijen - opskreaun en bewarre. Hy wie foarsitter fan de Kommisje Propaganda fan it provinsjale Fryske Dambûn.

Hy spile tsjin misken as Ton Sijbrands, Harm Wiersma, Rob Clerc, Auke Scholma en Jannes van der Wal. Hy wennet no yn Terwispel dêr't er de lêste jierren as haadûnderwizer oan skoalle stie.

Piter Bergsma wie krektas syn broer Roel Bergsma, revuskriuwer, dampublisist en ûnderwizer, kuorballer yn ieren en sinen, waard lid fan de damklub "Troch neitinken Sterk" yn Warten doe't er 14 jier wie.

Oer Fryske dammers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Piet Tuik en oaren: Liefhebbers en Topdammers; jubileumboek Provinsjale Fryske Dambûn 1928-2003. Utjefte: Provinciale Friese Dambond.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]