Auke Scholma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Auke Scholma
Olympic Rings black.svg sporter
Auke Scholma
Auke Scholma
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 26 augustus 1956
berteplak De Pein
sportive ynformaasje
sport Damjen
ekstra Ytlike kearen Frysk kampioen, provinsjaal kampioen. Ek Ned. kampioen. 5e WK 2007

Auke Scholma (De Pein, 26 augustus 1956) is in Fryske Ynternasjonaal grutmaster damjen, dy't tsjintwurdich yn de Grinslanner Baflo wennet.

Hy groeide as dammer op by Ons Genoegen Drachten en waard as lid fan dy klup Nederlânsk junioarekampioen sneldamjen en Frysk kampioen yn 1975. Dêrnei waard hy lid fan Damklup Huzum yn Ljouwert. As lid fan dy klup waard hy yn 1979 en 1981 wer Frysk kampioen. Hy waard Frysk sneldamkampioen yn 1977, 1979, 1980 en 1981.

Dêrnei ferhuze hy nei Grinslân wêr't hy yn 1991 provinsjaal kampioen waard en yn 1984, 1987, 1995, 2000 en 2002 sneldamkampioen. Hy is lid fan Damferiening Warffum om op dy klup trainingspartijen te spyljen.

Syn earste grutte súkses helle hy yn 1995 mei it winnen fan it Nederlânsk Kampioenskip yn Stadskanaal. Nei de Nederlânske titel bruts in net botte súksesfolle perioade foar him oan dy't hy trochbruts mei it winnen fan it simmertoernoai fan Nymwegen (2001) (syn twadde grutte súkses) wêryn't hy de wrâldtop efter him liet.

Auke einige yn it NK 2006 nei in swiere striid mei de uteinlike kampioen Kees Thijssen op it 3e plak. Yn it NK 2007 einige hy op it tredde plak wêrmei't er him pleatste foar it WK 2007 yn Hardenberg. Dêryn ferraste hy yn positive sin troch op it 5e plak te einigjen (syn tredde grutte súkses) foar de oare Nederlanners, alle Afrikanen en eks-wrâldkampioen Guntis Valneris. Hy fersloech geregeldwei supergrutmasters (Alexei Tsjizjov, Piet Roozenburg, Ton Sijbrands, Harm Wiersma 2x en Alexander Schwartzman), spile yn 2007 syn 23e NK-finale en is in partijproblemist mei orizjinele ideeën. Ek wie hy sekondant fan Sijbrands en Wiersma.

Op 1 july 2008 hie hy in KNDB-Rating fan 1462, hjirmei is hy 30e op de ranglist. Hy hat de titels Ynternasjonaal en Nasjonaal Grutmaster.

Oersjoch resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tastân 2013: Scholma die totaal 27 kear mei oan it Nederlânsk kampioenskip damjen, mei de folgjende resultaten:

jier lokaasje plak jier lokaasje plak jier lokaasje plak jier lokaasje plak
1978 Zevenaar 10e 1991 Drachten 10e 2000 Hengelo 12e 2010 Emmen 7e
1981 Assen 7e 1992 Surhústerfean 2e 2002 Velp 5e 2012 Heerhugowaard 5e
1983 Skagen 3e 1993 Apeldoarn 8e 2003 Amsterdam 6e 2013 Stienwyk 3e
1984 Huissen 5e 1994 Huissen 10e 2004 Huissen 9e
1985 Abcoude 6e 1995 Stedskanaal 1e 2005 Grins 9e
1987 Nijverdal 7e 1996 Stienwyk 7e 2006 Culemborg 2e
1988 Putten 7e 1998 Hoogezand-Sappemeer 12e 2007 Soest 2e
1990 De Helder 7e 1999 Huissen 6e 2008 Emmeloard 9e

Tastân 2013: Scholma die totaal 5 kear mei oan it Jeropeesk kampioenskip damjen, mei de folgjende resultaten:

jier lokaasje plak
1983 Dimter 4e
1995 Lubliniec 9e
2002 Domburch 7e
2006 Bovec 25e
2012 Emmen 30e
-

Tastân 2013: Scholma die totaal 3 kear mei oan it Wrâldkampioenskip damjen, mei de folgjende resultaten:

jier lokaasje plak
1984 Dakar 11e
1992 Toulon 13e
2007 Hardenberg 5e
-
-