Dakar
Dakar Ndakaaru (Wolof) | ||
úttsjoch op de haven | ||
Bestjoer | ||
Lân | Senegal | |
Boargemaster | Khalifa Sall (2009) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.030.594 (2005) | |
Oerflak | 82.38 km² | |
Befolkingsticht. | 12.510/ km² | |
Stêdekloft | 2.452.656 | |
Hichte | 27 m | |
Oar | ||
Stifting | 1857 | |
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
(fr) Offisjeel webstee |
Dakar (Wolof: Ndakaaru) is de haadstêd en grutste stêd fan Senegal. It leit op it skiereilân Kaap Verde, it fierst westlike punt fan it fêstelân fan Afrika en fanâlds in gaadlik plak foar de hannel mei Europa en de Amearika. De stêd is útgroeid ta ien fan de meast wichtige havens fan de regio. De stêd leit yn de regio Dakar. Yn Dakar is it parlemint setige en it paleis fan de presidint stiet dêr ek.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dakar waard stifte troch de Frânsken yn 1857. Yn 1902 waard it de haadstêd fan Frânsk West-Afrika, yn it plak fan Saint-Louis. Fan 1959 oant 1960 wie it de haadstêd fan de Maly Federaasje dy't mar koart bestien hat en dêrnei fan de republyk Senegal.
Fan de 16e oant 19e iuw wie Dakar in wichtich sintrum foar de slavehannel op Amearika. Yn 1444 stiften de Portegezen in delsetting op it eilân Gorée. Likernôch 1536 wie it al in basis foar de eksport fan slaven. Letter sieten de Nederlanners en de Frânsken dêr om beurten. It fort D'Estrees op Gorée, dêr't de slaven fêstsieten, ferhannele en ynskippe waarden, is nei de ûnôfhinklikens fan Senegal restaurearre en is no in museum.
-
Katedraal fan Dakar
-
Spoarstasjon Dakar
-
Gebou fan de Nasjonale Gearkomst fan Senegal
-
Gueule Tapeé-kertier Dakar
Berne yn Dakar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Isaac Forster (1903-1984), rjochter
- Ousmane Sow (1935), byldhouwer
- Ségolène Royal (1953), Frânsk politika
- Youssou N'Dour (1959), sjonger en musikus
- MC Solaar (1969), Frânsk hip-hop- en rap artyst