Harm Wiersma
Harm Wiersma | ||
sporter | ||
Harm Wiersma (2006). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 13 maaie 1953 | |
berteplak | Ljouwert | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Damjen | |
earste titel | Ned. kampioen 1972 | |
ekstra | Yn totaal 8 kear Ned. kampioen | |
wichtige prestaasjes | ||
WK 1976, 1979, 1981, 1983 (achtkamp), 1983 (match), 1984. EK 1999 |
Harm Wiersma (Ljouwert, 13 maaie 1953) is in Fryske dammer dy't yn 1961 syn damkarriêre begûn by Damklub Ljouwert. Hy wie achtkear Nederlânsk kampioen en waard yn 1976 yn Amsterdam foar it earst wrâldkampioen. Letter folgen wrâldtitels yn 1979, 1981, 1983 en 1984. Wiersma waard yn 1999 boppedat Jeropeesk kampioen damjen yn Hoogezand-Sappemeer.
Boeken fan Wiersma
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Damjeugd, kennis. Sutfen
- Wiersma over Sijbrands tegen Andreiko. 1974, Spectrum, Utert/Antwerpen
- Damminiaturen'. 1977, Spectrum, Utert/Antwerpen
- Dammen in ontwikkeling'; diel 1 en 2. 1980 Leien
- Dammen, Inleidende spelkennis.' mei P.Lauwen, 1987, Tirion Sport, Baarn
- Dammen, De rol van de combinatie.' 1987, Tirion Sport, Baarn
- Dammen, Strategie en taktiek.' 1987, Tirion Sport, Baarn
- Dammen, Analyse van spelvormen.' 1987, Tirion Sport, Baarn
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In maaie 2002 wie de yn Fryslân hikke en teine Ljouwerter ien fan de 26 leden fan LPF, dy't keazen waarden yn de Twadde Keamer. Dêr hold hy him ûnder mear dwaande mei Bûtenlânske Saken (Tredde Wrâld, East-Jeropa), Sport, Sosjale Saken en Ryksútjeften. Harm Wiersma hat by syn wurksumheden as Twadde Keamerlid ûndersteuning krigen fan syn soan Joeri Wiersma as persoanlik sekretaris dy't ûnder oare bestjoerskunde/oerheidsmanagement oan de Thorbecke Akademy studearre hat. Nei oanlieding fan syn ûndersyk binne ûnder oare Keamerfragen steld oan de Ministers fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes & Justysje oer de praktyk fan de gemeente Ljouwert troch mei in Advyskommisje Beswierskriften besteande út mar twa kommisjeleden te advisearjen yn tsjinstelling ta de wetlik ferplichte gearstalling fan trije kommisjeleden. Wiersma kaam yn jannewaris 2003 net werom yn de Keamer.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |