De List Pim Fortuyn (LPF) (offisjele namme: Politieke Vereniging "Lijst Pim Fortuyn") wie in politieke partij yn Nederlân. Sûnt 30 novimber2006 is de partij net mear fertsjintwurdige yn de Twadde Keamer en sûnt juny 2007 net mear yn de Earste Keamer. De List Pim Fortuyn is lanlik op 1 jannewaris2008 opheft, al hawwe guon gemeenteriedsfraksjes letter har termyn wol ûnder dizze namme ôfmakke of fuortset.