Springe nei ynhâld

Tearnzer Wielen

Ut Wikipedy

De Tearnzer Wielen is in marke yn de gemeente Ljouwert. De Wielen lizze yn de nijbouwyk Suderbuorren fan de stêd Ljouwert en hat ferbining mei it Van Harinxmakanaal en mei de nije farferbining foar rekreaasjefeart Steande Mêstrûte yn dizze wyk.

In wiel is de beneaming foar in plasse dy't ûntstien is troch in dyktrochbraak.

Yn Tearns leit, oan de westlike kant fan de Tearnsbrêge nei Himpens (Himpenserdyk), in troch de Gemeente Ljouwert oanlein skiereilantsje. Op fersyk fan Doarpsbelang Himpens-Tearns hat dit de namme Kop fan Tearns' krigen. Simmerdeis swimme hjir in soad minsken.