Springe nei ynhâld

Rinke Tolman

Ut Wikipedy
Rinke Tolman
Rinke Tolman
Rinke Tolman
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rinke Tolman
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 maaie 1891
berteplak Eastersee
stoarn 12 maart 1983
stjerplak Amersfoart
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as fjildbiolooch,
natoerkenner,
skriuwer,
dichter

Rinke Tolman (Eastersee, 25 maaie 1891 - Amersfoart, 12 maart 1983) wie in Frysk fjildbiolooch, natoerkenner, skriuwer fan natuerboeken, sjoernalist en dichter. De gemeente Soest beneamde him ta eareboarger en rikt sûnt 1993 de trijejierlikse Rinke Tolman-poëzijpriis út.

Rinke Tolman waard op 25 maaie 1891 berne yn Eastersee by de Tsjûkemar, as soan fan Tjibbe Tolman en Jantje Koopman. Hy waard Rinke neamd nei syn pake fan memmekant. Twa jier nei Rinke's berte ferhuze it gesin nei Wytgaard. Dêr groeide er op en learde er fisken en ljipaaisykjen. Nei de legere skoalle gie er nei de normaalskoalle yn Ljouwert. Dêrfoar moast er alle dagen fan Wytgaard nei Ljouwert rinne. Yn 1903 ferstoar syn mem yn de âldens fan mar 37 jier.

Yn 1907 die er talittingseksamen foar de Rykskweekskoalle yn Grins. Flak foar it eksamen yn 1910 krige er problemen mei de direkteur: Een klein geschil, de moeite niet waard, maar het was oorzaak dat de Friese stijfkop de benen nam.[1]
Yn 1911 gie Tolman yn militêre tsjinst. It jier dêrnei ferfette er syn stúdzje foar ûnderwizer yn Amsterdam. Yn 1913 die er eksamen, mar dêr sakke er foar (ûnder oare fanwegen in ûnfoldwaande foar it fak kennis der natuur). Hy krige kunde oan de Amsterdamske ûnderwizeres Catharina Roelina (Käthe) Mussche. Se trouden op 21 oktober 1914. [2]

Om troch de tiid te kommen begûn Tolman filmbesprekkingen skriuwen foar it wykblêd De Groene Amsterdammer en boekbesprekkingen foar it blêd Op de Hoogte: maandschrift voor de huiskamer [3]. Al gau begûn er ek natuersketsen te skriuwen foar de NRC. Yn 1918 krige er in tydlike baan by it Utrechtsch Provinciaal en Stedelijk Dagblad op de redaksje bûtenlân. Hy learde ferskate frjemde talen, wat letter te pas kaam doe't er Noarske, Sweedske en Deenske natuerboeken oersette.
Nei 't er in fêste betrekking krige by it Utrechts Dagblad, fêstige er him mei Käthe yn de stêd Utert. In skoftke letter ferhuzen se nei Den Dolder. Yn 1922 ferhuze it pear nei in wenning oan de Nieuweweg yn Soest. Yn 1920 waarden syn natuerfeuilletons út it Utrechts Dagblad bondele as De bloei der seizoenen en útjûn by Oosthoek. Doe't Tolman beneamd waard ta redakteur bûtenlân, koed er ferhúzje fan de Nieuweweg nei Huize Vredehof oan de Bosstraat yn Soest.
Yn 1934 waard haadredakteur Ritter, freon en beskermhear fan Tolman, opfolge troch dr. Loohuis, dy't dúdlik pro-Dútske sympatyen hie. Dat late derta dat Tolman syn baan opsizze moast. [4]

Rinke Tolman debutearre al yn 1914 as dichter yn it Fryske wykblêd Sljucht en Rjucht. Hy fielde him besibbe mei de Jongfriezen en waard beynfloede troch de Tachtigers. Hy hat hûnderten gedichten skreaun dy't meast ferskynden yn tydskriften (Kristussonnetten yn: Yn ús eigen taal, 1916). Ta in bondeling fan syn dichtwurk is it nea kommen. Tolman hat guon wurken fan skriuwers oerset yn it Frysk, sa makke er mei Douwe Kalma in oersetting fan de roman Alastor fan Percy Bysshe Shelley. Fan syn hân is ek it bondeltsje Folksforhalen (1929) fan Leo Tolstoj. In botsing mei Douwe Kalma wie mei de oanlieding dat Tolman ophold mei dichtsjen en earst wer begûn nei syn santichste jierdei. [5]

Priuwke

In sitaat út it gedicht Jûnstinken:

Aaisiker wie ik, angler, fûgler, blommeploitser.
Djip ûnder 't klaad fan himels simmertinte,
Djip ûnder 't fjowerjen fan de wolkens,
Foel 't ritme fan myn fuotten gear,
Mei 't ritme fan myn swalkersnocht....

Tolman syn winsk om krekt as Jac. P. Thijsse in natuerblêd út te jaan komt út yn 1929 as it blêd De Wandelaar ferskynt. It moat dan konkurrearje mei al folle langer besteande blêden as De Levende Natuur. De ferkeap fan De Wandelaar rint yn 1935 werom en de útjouwer beslút om Tolman dien te jaan. Yn 1937 slagget it him om wer in nij natuerblêd útkomme te litten: In weer en Wind. Op 4 maaie 1942 wurdt Tolman troch de Grüne Polizei oppakt en nei it Kamp Sint-Michielsgestel brocht. Hy soe dêr oant 19 febrewaris 1943 as gizeler finzen set wurde. Mei syn frou soe er yn 1948 it bondeltsje Wij vergeten niet... , verzen van oorlog en bevrijding skriuwe ûnder de skûlnamme R. van Oosterzee. Dêryn is in gedicht opnaam oer Sint-Michielsgestel. De papierkrapte makke dat it útkommen fan In Weer en Wind hieltyd dreger wurdt. It tal abonnees rint troch de oarloch bot werom. Yn 1950 fusearje De Wandelaar en In Weer en Wind mei as haadredakteur Fop I. Brouwer. De titel De wandelaar in weer en wind soe oant 1955 bestean bliuwe.

Fan 1947 oant 1949 wie Tolman lid fan de gemeenteried foar de Partij van de Arbeid. Dit soe liede ta in plukferbod fan klokjesgentiaan en giele brem yn de gemeente. Doe't de gemeente plannen makke foar in Sintrumplan dat nea realisearre wurde soe moast Rinke Tolman ferhúzje fan syn hûs oan de Parklaan nei in flat oan de râne fan de Soester Eng. [6]
Tolman hat in protte skreaun oer de omkriten fan Soest. Net allinne oer de Soester Dunen en de Soester Eng, mar ek de Iempolders en het Soesterfean.[7] Yn 1973 skreau er foar it lêst oer de Soester natuer. Tolman hat ek lange tiid in fergunning hân fan de Nederlânske Spoarwegen om de spoarbermen op te gean en dêr natuerstúdzje te dwaan.

Yn Soest stie earder oan de Smitswei de Rinke Tolmanskoalle. Op it plak fan de skoalle stiet tsjintwurdich in breed edukatyf sintrum. Der is ek in Rinke Tolmanpaad dat fan de Parkleane nei de Koloanjewei rint, oan de râne fan de Engh.

Nei't er opnaam wie yn ferpleechhûs De Lichtenberg ferstoar er yn 1983. Op syn grêf op it Algemiene Begraafplak Soest oan de Veldweg op de Soester Eng siert in ljip syn grêfstien. Om syn 100ste bertedei te betinken waard troch Museum Soest in útstalling fan syn wurk en dat fan geastbesibbe tiidgenoaten ynrjochte.

In kar:

  • Landschappen en seizoenen (4 dielen)
  • Kijk uit je ogen (6 dielen, mei W.M. Kruseman
  • Zo leer je vogels kennen. Diel 2
  • Zo leer je vogels kennen. Diel 3: Exotische volièrevogels
  • Een krans van groen
  • De kievit. Een monografie over onze nationale vogel.
  • Zo leer je vogels kennen. deel 4: Exotische volièrevogels
  • Door hei en polder (mei J.I. van Schaick)
  • Door veld en beemd (mei J.I. van Schaick)
  • Dr. Jac. P. Thijsse, een groot Nederlander

Albums fan Kanis & Gunnink

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rinke Tolman makke tegearre mei yllustrator Rein Stuurman in oantal plaatje-albums foar kofjebaanderij Kanis & Gunnink:

  • Kromme snavels, scherpe klauwen 1-29 (1950)
  • Al in de groene weei 1 o/m 32 (1952)
  • Dieren als toeristen 1 o/m 32 (1953)
  • Lief en leed der zoogdieren 1 o/m 48 (1954)
  • Gevleugelde muzikanten, diel 1 o/m 48 (1954)
  • Luister van Zuid-Friesland 1 o/m 52 (1956)
  • Vogelglorie 1 o/m 48 (1957)
  • Schoon en nijver Zuid-Groningen 1 o/m 52 (1957)
  • Veluwe vacantieland 1 o/m 52 (1958)
  • 't Allernieuwste land 1 o/m 52 (1963)
  • Zo leer je de vogels kennen II 51 o/m 100 (1961)
  • Zo leer je de vogels kennen III 101 o/m 150 (1962)
  • Zo leer je de vogels kennen IV 101 o/m 150 (1963)
  • Bengt Berg, Met de trekvogels naar Afrika (1927)
  • Bengt Berg, Abu Markúb(1928)
  • Bengt Berg, Mijn vriend uit Lapland (1929)
  • Bengt Berg, De laatste arenden (1930)
  • Bengt Berg, De vliegende draak, de lammergier van de Himalaya (1932)
  • Bengt Berg, De liefdesgeschiedenis van een wilde gans (1930)
  • Kurt Bauer en Fred Spilzenberger. Vogelparadijzen der wereld (1968)
  • William Bridges, Zie en ken alle wilde dieren der aarde
  • A. Dinand, Zakboek der geneeskunde
  • F.M.Engel, Het nieuwe vogelboek
  • Albro Paul, Insecten, een fantastische wereld
  • Mikkjèl Fönhus, De wildernis bruist
  • Hans Hvass en Sikker Hansen, Bij de dieren buiten
  • Hans Hvass, Vogels der wereld
  • Hans Hvass, Reptielen en amphibieën der wereld
  • Konrad Günter, Het leven der dieren
  • Konrad Günter, Het leven der insecten
  • Bertha Morris Parker, De wondere natuur
  • Ludwig-Koch-Joenberg en Rinke Tolman, Planten Brehm
  • Friedrich Schnack, Het wondere leven der vlinders
  • Frank S. Stuart, Wilde wieken
  • Frank S. Stuart, Een duiker uit de Poolzee
  • Frank Wenzel, Sprookjesvogel: de wespendief
  • (ned) Brongers, dr. J. A. (1998) - Historische encyclopedie van Amersfoort. Amersfoort : Uitg. Filatop. Online te rieplachtsjen op de webside fan Archief Eemland - hjir it lemma "Tolman".
  • (ned) de Groot, G.A.H. & P.H. Veen (1991) - Rinke Tolman, de wandelaar in weer en wind. Soest : Historische Vereniging Soest / Stichting Oud Soest. 64 siden.
  • (ned) Strijbos, Jan P. (1976) - Vogelvrij : mensen en tijden die ik gekend heb. Haarlim/Antwerpen : Schuyt & Co. ISBN 90 6097 067 5. 154 siden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

[1] Jan Tjittes Piebenga Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse De Jongfryske tiid]

  1. Strijbos 1976, s. 132
  2. de Groot & Veen 1991, s. 5 en 6
  3. Op de Hoogte: maandschrift voor de huiskamer is opnommen yn de seleksje fan tydskriften dy't troch de Koninklijke Bibliotheek digitalisearre wurde sille (sjoen 2014-08-15)
  4. de Groot & Veen 1991, s. 8/10
  5. Foar in wiidweidich oersjoch fan online teksten fan Tolman oer (Fryske) letterkunde en sekundêre literatuer sjoch Rinke Tolman yn de DBNL
  6. J. Visser yn: Het Eemland 2, Utrechtse biografieën - levensbeschrijvingen van bekende en onbekende Eemlanders, s. 207
  7. Brongers 1998, s. 282