Iemfallei

Ut Wikipedy
Iemfallei

De Iemfallei bestiet út de leech lizzende bûtengebieten fan de gemeenten Amersfoart, Baarn, Blarikum, Bunschoten, Iemnes en Soest. It brede gebiet leit oan beide kanten fan it rivierke de Iem en is ûnderdiel fan it Nasjonale Lânskip 'Arkemheen-Iemlân'. It foarmet it westlike diel fan de Gelderske Fallei.

It gebiet bestiet út greide- en natoergebiet, ûntstien yn it Pleistoseen en hat in tige iepen lânskiplik karakter. It nimt botanysk en ornitologysk in tige wichtich plak yn, mar is ek ryk oan natoer- en kultuerhistoaryske wearden.

Yn it noardlike part wurdt it byld bepaald troch wide greidlannen op flakke feangrûnen mei in soad sleatten tusken lange smelle kavels. De eachein wurdt foarme troch diken en it iepen oerflaktewetter fan de Iemmar. It súdlike op sângrûn lizzende part is minder wiids.

In libben elemint yn de Iemfallei is de Iem, wêrfan de uterwaarden mei krekt oer de simmerdiken de wielen dy't troch dyktrochbrekken ûntstien binne, fraaie lânskipseleminten foarmje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]