Jan Tjittes Piebenga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan Tjittes Piebenga
Jan Tjittes Piebenga (lofts), de Noardfries Carsten Boysen en Douwe Annes Tamminga yn Noard-Fryslân (1930)

Jan Tjittes Piebenga (Frjentsjer, 4 april 1910 - Ljouwert, 3 desimber 1965) wie in ûnderwizer en sjoernalist.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Piebenga wie in soan fan bakker Tjitte Piebenga, út in húshâlding fan 12 bern. Fan jongsôf hie er in soad niget oan lêzen. Nei de MULO kaam er op kantoar, mar yn 1929 helle er syn ûnderwizersakte.

Hy wie in skoftke ûnderwizer yn Nijemardum en haad fan de Legere Skoalle yn Aldegea. Yn 1940 hat er efkes foaroanman fan de Fryske ôfdieling fan de Nederlandsche Unie (dy't fral oprjochte wie om de NSB de wyn út de seilen te nimmen) west, letter die er alderhanne fersetswurk en waard er redakteur fan it yllegale blêd ‘De Wachter’. Hy wie sûnt 1943 redakteur fan de Leeuwarder Koerier en nei de oarloch haadredakteur fan de Ljouwerter Krante.

Piebenga wie in tige warber frisiast, dy't lykwols ek graach oer de grinzen sjen mocht. Hy reizge nei Noarwegen, Yslân, en de Faeröer, mar ek nei de Feriene Steaten, Suriname en de Nederlânske Antillen, Noard-Afrika en Turkije. Fierders fielde er in soad foar Israel. Skreau in grut tal artikelen, fersen, ferhalen en wurken foar it ûnderwiis. Wie redakteur fan It Heitelân (1938-1942, 1946-1947) en De Tsjerne (1946). Fersoarge útjeften fan frijwat ûnbekende skriuwers lykas Teatse Holtrop en Sjoerd Meines.

Yn Aldegea is in strjitte nei him neamd.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1935 It wrede libben (koarte ferhalen)
  • 1937 Fryske tragyk (essay)
  • 1938 Waerglês (gedichten)
  • 1938 Het goed recht van de Friese beweging (brosjuere)
  • 1938 Frysk lêsboek I en II (skoalblomlêzing: 21957)
  • 1938 De útsetter (mei H. Twerda; taalboek L.U.; 21947)
  • 1939 Hrafnkel, prester fen Frey (oers. Yslânske sêge)
  • 1939 Koarte skiednis fen de Fryske skriftekennisse (By DBNL: [1] te lêzen)
  • 1952 Twee eeuwen Leeuwarder Courant (betinkskrift; mei Jhr. J.W.J. Witsen Elias)
  • 1953 It eigen aerd fan de Súdwesthoeke (sosjografyske stúdzje)
  • 1956 Wy Friezen (redefiering)
  • 1956 De havens van de Waddenkust (sosjografyske stúdzje)
  • 1958 Bergtoppen in de oceaan (stúdzje oer Faeröer)
  • 1959 Kent u Friesland ook zo? (sosjografyske stúdzje)
  • 1959 Omgong en trochtocht (ferskate opstellen)
  • 1966 Aarden vaten (postume bondel kranteartikels)

Tamminga-Piebenga-Fûns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fan Douwe Tamminga die bliken dat hy by testamint bepaald hie dat der in Tamminga-Piebenga-Fûns stifte wurde moast, dêr't literêre inisjativen út bekostige wurde kinne soene. It behear fan it Tamminga-Piebenga-Fûns wurdt fierd troch de Stifting It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Ien fan de doelen dêr't it fûns û.o. foar brûkt wurdt is it ûnderhâld fan de troch Rink van der Velde neilitten wenarke op De Feanhoop, dêr't skriuwers gebrûk fan meitsje kinne om in pear wike yn alle rêst oan literêr wurk te arbeidzjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>