It Heitelân (tydskrift)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Heitelân wie in Frysk tydskrift dat tusken 1919-1926 ferskynde as wykblêd, tusken 1926-1946 ferskynde it net, dêrnei as moanneblêd oant it yn 1962 opdoekt waard.

Redaksjeleden wienen ûnder oare Pieter Sipma, R. W. Canne, Jacob Winkelman, Jelle Hendriks Brouwer, S.J. van der Molen, Jan Tjittes Piebenga, J. Rienstra, Dr. Jacob Botke en Adam Jaarsma.

De ûnderwerpen leinen op histoarysk, folkloristysk, literêr en algemien kultureel terrein. Oant 1958 útjefte fan Brandenburgh en Ko. te Snits, ûnder tafersjoch fan de Fryske Bibleteek. Sûnt 1958 yn Boalsert útjûn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: