Marije-Himelfearttsjerke (Wytgaart)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marije-Himelfearttsjerke
Marije-Himelfearttsjerke, Wytgaard.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Leeuwarden wapen 2014.svg Ljouwert
plak Wapen fan Wytgaard.jpg Wytgaard
adres Tjissema 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1966
arsjitekt H.J. van Wissen
oare ynformaasje
webside R.K. Fitusparochy

De Marije-Himelfearttsjerke is de roomsk-katolike tsjerke fan Wytgaard. De tsjerke is oansletten by de Sint-Fitusparochy, dêr't njonken de twa roomske tsjerken fan Ljouwert ek de Sint-Martinustsjerke fan Wergea ûnder falt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1965-1966 yn it midden fan de nije doarpsútwreiding oan de westlike kant fan de Buorren boud, nei't bliken dien hie dat de Cuyperstsjerke by it tsjerkhôf fanwegen de hege kosten om it gebou te restaurearjen ôfbrutsen wurde moast. Dy tsjerke wie in monumintale neogoatyske krústsjerke dy't yn de jierren 1871-1872 de âlde skûltsjerke Mater Dei út 1719 ferfong.

De hjoeddeiske Himelfeartstsjerke út 1966 is in ûntwerp fan de grinzer arsjitekt H.J. van Wissen.

It alter fan de Himelfearttsjerke is fersierd mei in moazaïek fan Marije. Op it moazaïek wurdt ek de âlde Cuyperstsjerke ôfbylde. Yn 2017 krige de tsjerke in krúswei. De staasjes binne ôfkomstich út de yn 2017 foar de earetsjinst sletten Sint-Markustsjerke fan Jirnsum.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Van Dam-oargel (1882) fan de Cuyperstsjerke waard nei de sloop yn de nije tsjerke opboud en sa opsteld dat it front net mear sichtber is.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vijf eeuwen Friese Orgelbouw, Jan Jongepier, side 104