Westhimster Opfeart

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Westhimster Opfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan Westhim, troch de buorskip Feytebuorren en komt út yn de noard rinnende Boalserter Feart.

In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.

Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.

De namme Westhimster Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Westhemmeropvaart.