Himdyk
Appearance
De Himdyk is de dyk út 'e 12e en 13e iuw oan de bûtenkant fan de Himpolders. De polders binne oanlein om de súd- en eastiggen fan de Middelsee; de diken oan de bûtenkant fan de polders, dy't it wetter út it fean tsjinholden, foarmje tegearre de Himdyk. De dyk hie ek in ferkearsfunksje; yn in lân fol wetter wienen dit lange ferbinings oer lân, brûkber foar weinen mar ek foar legers. De diken hawwe foar it measte part de nammen Himdyk en Griene Dyk.