Jan Wagenaar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jan Wagenaar yn aksje.

Jan Wagenaar (Skearnegoutum, 19 oktober 1976[1]) is in Fryske krêftsporter en de hjoeddeiske Sterkste man fan Fryslân. Yn it deiske libben is Wagenaar reiddekker.

In 2011 is Wagenaar is de tredde Fries dy't de titel Sterkste Man fan Nederlân ynhelle. Syn learmaster Wout Zijlstra helle 10 jier earder, yn 2001, de titel.
Op 16 july 2011 mjit Jan Wagenaar syn krêften mei 9 oare Nederlanners en einiget by twa ûnderdielen heech en by trije ûnderdielen as earste. Allinnich it frachtweinlûken giet wat minder, mar hy sit dochs noch yn de middenmoat. It totaal fan de seis ûnderdielen is mear as genôch foar de winst. Wagenaar hellet syn titel ûnder tafersjoch fan hast alle âld-kampioenen, wêrûnder de op dat stuit 74-jierrige Gerard du Prie, de earste Sterkste Man fan Nederlân, yn 1979. Dat wie ta eare fan de 25e edysje fan dit barren.

Fysyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lingte: 187 cm
  • Gewicht: 140-150 kg

Prestaasjes sûnt 2007[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2e plak Highland "weiland" Games (2007)
  • 1e plak Sterkste Man fan Fryslân (2007)
  • 6e plak Sterkste Man fan Nederlân (2008)
  • 3e plak Sterkste Man fan Súd-Nederlân (2008)
  • 1e plak Sterkste Man fan Noard-Nederlân (2008)
  • 3e plak Open Fries Kampioenskip frachtweinlûken (+100 kg) (2008)
  • 1e plak Sterkste Man fan de Súdwesthoeke (2008)
  • 3e plak Nasjonaal Kampioenskip Frachtweinlûken (2008)
  • 1e plak Sterkste Man fan de Keale Dunen (toppers) (2008)
  • 1e plak Sterkste Man fan Fryslân (2008)
  • 1e plak "Kening fan it Hout" (2009)
  • 1e plak Sterkste Man fan Winschoten (2009)
  • 2e plak Sterkste Man fan De Jouwer (2009)
  • 1e plak Sterkste Man fan Noard-Nederlân (2009)
  • 1e plak Sterkste Man fan Blijham (2009)
  • 3e plak Sterkste Man fan Nederlân (2009)
  • 1e plak Sterkste Team fan Fryslân (2009)
  • 1e plak Sterkste Highlander fan Fryslân (2009)
  • 1e plak Sterkste Man fan Fryslân (2009)
  • 1e plak Sterkste Kerstman fan Noord-Nederland (2009)
  • 1e plak Sterkste Man fan Noard-Nederlân (2010) (21 maart)
  • 2e plak Sterkste Man fan Súd-Hollân (2010)
  • 1e plak Sterkste Man fan Musselkanaal (2010)
  • 2e plak Dutch Strongman-cup Kampen (2010)
  • 1e plak Sterkste Man fan it Westerkertier (2010)
  • 4e plak Sterkste Man fan Nederlân (2010)
  • 1e plak Dutch Strongman Cup Rotterdam (2010)
  • 3e plak Sterkste Highlander fan Nederlân (2010)
  • 1e plak Sterkste Man fan Fryslân (2010)
  • 1e plak Sterkste Man fan Nederlân (2011) (16 july)[2]
  • 1e plak Sterkste Man fan Fryslân (2011)
  • 1e plak Sterkste Team fan Nederlân (met Johan Langhorst (27 maaie 2012))
  • 2e plak Sterkste Man fan Nederlân (2012) 14 july
  • 2e plak Sterkste Man fan Nederlân (2013) 20 july
  • 2e plak Sterkste Man fan Nederlân (2015) july (1e: Jitse Kramer út Fryslân, 2x, 2013 + 2015)

Oare prestaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Frysk kampioen bankdrukken (2008) 235 kg 1x (hjoeddeisk rekord)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. http://www.realdutchpower.nl/atleten/janwagenaar.htm
  2. http://www.waldnet.nl/wn/nieuws/33875/Jan_Wagenaar_Sterkste_Man_2011.html