Musselkanaal

Ut Wikipedy
Musselkanaal
Lokaasje Musselkanaal yn de gemeente Stedskanaal
Lokaasje Musselkanaal yn de gemeente Stedskanaal
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Stedskanaal
Sifers
Ynwennertal 7.005 1 jannewaris 2019
Oar
Koördinaten 52° 56' NB, 7° 1' EL
Musselkanaal
Roomsk-Katolike tsjerke fan Musselkanaal
Musselkanaal op in topografyske kaart út 1933

Musselkanaal (Grinslânsk: Muzzelknoal) is in streekdoarp yn de gemeente Stedskanaal yn de Kanaalstreek yn de regio Grinzer Feankoloanjes yn de provinsje Grinslân. Yn 2019 hie it doarp 7.005 ynwenners.

It doarp leit yn it ferlingde fan Stedskanaal oan wjerskanten fan it Musselkanaal, dat ek it ferlingde fan it kanaal Stedskanaal is. It doarp grinzget oan de Semsliny en dêrmei oan de provinsje Drinte. Musselkanaal begjint by it fjirde fallaat en einiget op de gemeentegrins fan Stedskanaal mei de gemeente Westerwâlde, justjes benefter it plak dêr't it Mussel-Aa-kanaal en it Musselkanaal gearrinne. Benoarden Musselkanaal leit de útbuorren Horsten, dat ek de namme fan it doarpsgebiet wie foar it ûntjaan fan it doarp Musselkanaal. Fierder falle de buorskip Oomsberg, de wyk Ceresdorp en de postadressen fan in part fan it Grinslânske part fan it doarp Zandberg ûnder Musselkanaal.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp ûntstie oan it Musselkanaal, dat in part fan it Stedskanaal fan Stedskanaal oant Jipsingboermussel is, en de namme is ôflaat fan it doarp Mussel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Feankoloanjes is in gebiet dat eartiids ien grut sompich gebiet dat út leech- en heechfean bestie, dat oant fier yn Dútslân troch rûn. It lei ynklamme tusken de Hûnsrich en de hegere plakken lykas Haren, Hegesân, Wynskoat, Onstwedde, Nijeskâns, Rütenbrock en Ter Apel. It gea wie dreech te berikken en de grins tusken Grinslân en Drinte waard as in tinkbyldige rjochte line fêststeld fan de Martinitoer yn Grins ôf oant it Kleaster Ter Apel.

Yn de iere achttjinde iuw kamen de earste bewenners, lykas turfstekkers, glêsblazers en hannelers út Dútslân dêr't mar in bytsje wurk foarhannen wie. Dêrnei waard úteinsetten mei it oanmeitsjen fan it fean. Dat luts in soad wurklju út Grinslân, Fryslân, de Kop fan Oerisel en Dútslân, benammen katoliken út it oangrinzgjende Iemslân. Der wie ferlet fan in Roomske tsjerke, en yn 1843 waard de parochy Zandberg oprjochte. Yn 1848 waard de parochy Stedskanaal oprjochte en yn 1904 krige Musselkanaal syn eigen parochy, en waard de nije Hillige Antonius fan Paduatsjerke boud. Yn 1927 waard de tsjerke útwreide.

De ierste skiednis fan Musselkanaal begûn op de Horsten, dat in ferhege sânrêch yn it fean wie. Doe't de feanterij fan it gebiet úteinsette en it lân troch it ûntwetterjen better te berikken waard, fêstigen de earste boeren harren op de oare hegere sânrêgen, lykas Braamberg, Zandberg en Oomsberg. Der waarden ynearsten plaggehutten boud. Horsten waard de earste buorskip. De bebouwing by de kanalen del ûntstie letter.

Yn 1924 kaam Musselkanaal oan de STAR-spoarline (Stedskanaal-Ter Apel-Ryksgrins) te lizzen. Yn 1934 waard it persoaneferfier opheft en yn 1935 it frachtferfier. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de line foar it frachtferfier fannijs brûkt, mar yn 1972 wie it tenei dien mei it spoar dêre. Hjoed-de-dei is Musselkanaal ferbûn troch busferbinings.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Hillige Antonius fan Paduatsjerke

Berne yn Musselkanaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begroeven yn Musselkanaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.online familieberichten.nl oproppen op 7 augustus 2013


Stedskanaal
Doarpen:
AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeStedskanaalVledderveenZandberg
Buorskippen:
BarlageBlekslageBraambergCeresdorpHöchteHöfteHolteHorstenOomsbergSmeerlingSterenborgTangeTer MaarschTer WuppingVeenhuizenVledderhuizenVossebergWessinghuizen
Wetter:
A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
wizigje