Mussel Aa

Ut Wikipedy

De Mussel Aa is in beek yn Westerwâlde yn it easten fan de Nederlânske provinsje Grinslân. It rint fan Zandberg, besuden Musselkanaal nei it noarden oer Mussel en Onstwedde nei Wessinghuizen dêr't it mei de Ruiten Aa gearrint en as de Westerwâldske Aa fierder rint, dy't by Nieuwe Statenzijl yn de Doalert ûtmûnet. By Onstwedde streamt it Pagediep yn de Mussel Aa. It wurd mussel betsjut leech, sompich lân.

De Mussel Aa wie ynearsten in feanbeek en begûn yn it Boertanger Fean by Valthe ûnder de Hûnsrich. Dêr waard de beek gauris Valtherdiep neamd. It fean by de beek del wie net sa tsjok as op oare plakken en de grûn by de beek del wie grien lân gaadlik foar greiden en mieden. Dy grûn wie te berikken oer in feandyk fan Valthe nei Zandberg dy't oer in tal sânkoppen rûn. Dy dyk wie ien fan de wichtichste trochgongen troch it Boertanger Fean. By Valthe lei oan de ein fan de dyk in skâns dy't syn funksje yn de mid-njoggentjinde iuw ferlear. It fean waard yn de rin fan de njoggentjinde en tweintichste iuw alhiel oanmakke. De Mussel Aa waard wichtich foar it ûntwetterjen. Hjoed-de-dei is it Valtherdiep hast net mear werom te kennen. Ek de Mussel Aa is hjoed-de-dei net folle mear as in sleat.

Yn 1916 waard it Mussel-Aa-kanaal by de Mussel Aa del groeven. Dat kanaal waard groeven om't de feanterij fan it Boertanger Fean foar mear wetteroerlêst yn Westerwâlde soarge.

Dat kanaal krúst de Mussel Aa by Onstwedde en hat foar it grutste part de funksje foar de wetterôffier oernaam. De beek waard by de ruilferkavelings nei de Twadde Wrâldkriich kanalisearre.

Yn it ûntwikkelingsplan foar it gea yn de Grinzer Feankoloanjes en fuortsterkje de natuer- en lânskipswearden, spylje de Mussel Aa en Valtherdiep in wichtige rôl. Benoardeasten Onstwedde is part fan de grûn om de Mussel Aa hinne part fan de Ekologyske Haadstruktuer Nederlân en wurdt troch Steatsboskbehear beheard.