It plak wurdt ek wol Tange-Alteveer neamd, in gearfoeging fan de twa buorskippen Tange en Alteveer. Tange is in âlder sândoarp en lei eastlik op in morene, in ferheging dy't yn de foarlêste iistiid ûtstien is. It wurd tange wurdt yn Westerwâlde ornaris brûkt foar in ferheging yn it omlizzende fean. Alteveer is in lintdoarp en lei westlik dat as feankoloanje bylâns it Alteveerkanaal ûntstien is oan de ein fan de njoggentjinde iuw. It doarp ûntstie yn it begjin fan de tweintichste iuw en lei oan de ein fan in feanoanmakkerij. It gebiet waard út Nieuwe Pekela wei oanmakke. Oan de ferbiningsdyk tusken Nieuwe Pekela en Onstwedde ûntstie in lintdoarp. Fan dy ûntginningsas ôf ûntstie de planmjittige ferkaveling.
Tange-Alteveer hie lykas in soad feanterijdoarpen in soad earmoede. In soad bewenners wennen yn spitketen. De lêste waard oant 1941 bewenne en waard nei it ferstjerren fan de lêste bewenster nei it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim oerbrocht.