Braamberg (Stedskanaal)
Appearance
Braamberg | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Stedskanaal | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 57' NB, 7° 3' EL |
Braamberg is in útbuorren yn de gemeente Stedskanaal, op de grins fan de regio's Kanaalstreek en Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It leit benoardeasten Musselkanaal en besúdeasten Mussel, dêr't it ek ûnder falt. It plak leit oan it Mussel-Aa-kanaal, dêr't de slûs fan Jipsingboermussel oan de súdkant fan it plak leit en de slûs fan Braamberg yn it midden fan it plak.
De útbuorren ûntstie op in sânrêch yn it fean mei deselde namme. De namme Braamberg ferwiist nei in heuvel mei toarnbeibeamkes (braamstruiken).
Hjoed-de-dei wurdt it plak oan de eastkant begrinzge troch in rjochte boskstreek dy't yn de santiger jierren fan de tweintichste iuw oanlein waard. Dy streek foarmet tagelyk de grins tusken de gemeenten Stedskanaal en Westerwâlde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Stedskanaal | ||
---|---|---|
Doarpen: Alteveer • Kopstukken • Mussel • Musselkanaal • Onstwedde • Stedskanaal • Vledderveen • Zandberg | ||
Buorskippen: Barlage • Blekslage • Braamberg • Ceresdorp • Höchte • Höfte • Holte • Horsten • Oomsberg • Smeerling • Sterenborg • Tange • Ter Maarsch • Ter Wupping • Veenhuizen • Vledderhuizen • Vosseberg • Wessinghuizen | ||
Wetter: A.G. Wildervanckkanaal • Mussel Aa • Mussel-Aa-kanaal • Musselkanaal • Stedskanaal | ||
· · |