Kanaalstreek
De Kanaalstreek is de lintbebouwing by it Stedskanaal del, dat fan Bareveld yn it noardwesten oant Barnflair oan de Dútske grins yn it súdeasten rint, yn de Nederlânske provinsje Grinslân. By dat kanaal del lizze de plakken Stedskanaal, Musselkanaal en Ter Apelkanaal.
De lintbebouwing is oan wjerskanten fan it kanaal, en efter de tunen oan de súdwestkant fan it kanaal leit de Semsliny, dy't de grins mei de provinsje Drinte foarmet.
Yn rommere sin wurdt it omlizzende gebiet oan wjerskanten fan it kanaal ek wol ta de Kanaalstreek rekkene. Oan de noardeastlike kant omfiemet it de plakken Onstwedde en Sellingen en oan de súdwestkant de plakken Gieten, Gasselte, Borger en Ekslo.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kanaalstreek is neamd nei de lizzing om it Stedskanaal hinne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch nei: Semsliny
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |