Springe nei ynhâld

Sellingen

Ut Wikipedy
Sellingen
Lokaasje Sellingen yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Lokaasje Sellingen yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 2.610 1 jannewaris 2019
Oerflak 0,79 km²
Befolkingsticht. 3.304/km²
Oar
Postkoade 2295
Koördinaten 52° 57' NB, 7° 9' EL
Tsjerke fan Sellingen
It gemeentehûs fan Sellingen
Sellingen op in topografyske kaart fan 1930. It oranje gebiet op de kaart is it heidelân dat noch net oanmakke is
It pompstasjon Ir. A. Polstra yn 1972 justjes nei't it iepene waard

Sellingen (Grinslânsk: Zèlng) is in iesdoarp yn de gemeente Westerwâlde yn de regio Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It wie it haadplak fan de eardere gemeente Vlagtwedde, dy't op 1 jannewaris 2018 mei de gemeente Bellingwedde gearfoege waard ta de nije gemeente Westerwâlde. It hat noch hieltyd ien fan de twa gemeentehuzen fan de nije gemeente wêrfan't de oare yn Wedde stiet.

It doarpsgebiet omfiemet ek de postadressen fan it doarp Jipsingboertange en de 18 buorskippen Borgertange, Borgerveld, Jipsinghuizen (foar it grutste part), Lammerweg, Laude, Laudermarke (foar in part), Leemdobben, Over de Dijk, Overdiep, Rijsdam, Sellingerbeetse (foar it grutste part), Sellingerzwarteveen, Ter Borg, Ter Walslage, Ter Wisch, Veerste Veldhuis, Wessingtange en Zuidveld. It doarpsgebiet hie yn 2019 2.610 ynwenners, dêr't der likernôch 1.000 fan yn de buorren fan Sellingen sels wenje.

De namme is ôflaat fan de persoansnamme Selle, mei it taheaksel -ingen dat "hearrend ta" betsjut, dus de namme betsjut sokssawat as "hearrend ta Selle" of de "lju fan Selle". It plak waard om 1150 hinne Sallinge neamd en yn 1316 Zellynge, yn 1558 Sellick, yn 1660 Sellingen en yn 1825 Zellingen.

Sellingen is in iesdoarp en hat in brink, dy't tekenjend foar sokke doarpen is. It doarp ûntstie yn de Midsiuwen en de karspel fan Sellingen omfieme foar de Reformaasje ek de marken Laude en Ter Haar. De Nederlânsk-Herfoarme tsjerke fan Sellingen waard yn de fjirtjinde iuw boud. Dy tsjerke of in foargonger dêrfan waard neamd yn in list fan de Abdij fan Corvey dy't yn de trettjinde iuw opsteld waard. It doarp hat ek noch in Grifformearde tsjerke.

It Sellingerveld, dat earder it heidelân fan de marke Sellingen wie, waard yn de tritiger jierren fan e tweintichste iuw oanmakke yn it ramt fan de wurkferskaffing. Der waarden lânbougrûn en bosken, dy't ûnder it behear fan Steatsboskbehear kamen, ûntwikkele en it bosk Sellinger Bossen waard in bosk fan 600 bunder grut. In part fan it bosk wurdt hjoed-de-dei brûkt foar it winnen fan wetter. De Ruiten Aa waard yn de sechtiger jierren kanalisearre, mar yn de njoggentiger jierren waarden de meanders yn it ramt fan natuerûntjouwing fannijs opholpen. Besúdeasten it doarp hat Steatsboskbehear gebiet om Vennekampen en Holle Beetse hinne yn behear.

Der is yn it doarp hoareka, inkelde winkels en in supermerke oanwêzich. It doarp hat in pjutteboattersplak, Lutke beudels, en twa basisskoallen: de iepenbiere basisskoalle Op d 'Esch en de kristlike basisskoalle Het Gebint. Foar fuortset ûnderrjocht is it doarp op Ter Apel en Stedskanaal oanwiisd.

De lânbou om it doarp hinne bestiet benammen út feetylt en ikkerbou. Ek is rekreaasje in boarne fan ynkommen: der binne ferskate kampearterreinen en in bungalowpark.

Op 12 maaie 1972 waard it drinkwetterpompstasjon "Ir. A. Polstra" iepene. Dat pompstasjon soarget foar it drinkwetter fan in part fan Súdeast-Grinslân.

Beëasten it doarp rint it Ruiten-Aa-kanaal dêr't op de hichte fan Sellingen de Sellingerslûs yn stiet. Troch it doarp hinne rint de N976. Tusken 1919 en 1948 rûn de stoomtramline fan it OG troch it doarp hinne dy't fan Wynskoat nei Ter Apel rûn.

Berne yn Sellingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
· · Berjocht bewurkje