Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Sellingen

Ut Wikipedy
Sellinger tsjerke
Lokaasje
Grinslân
Gemeente Westerwâlde
adres Torenstraat 12
9551 BK Sellingen
koördinaten 52° 56' N 7° 8' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige ûnbekend
Arsjitektuer
boujier 1300
boustyl gotyk
Kaart
Tsjerke fan Sellingen (Grinslân)
Tsjerke fan Sellingen

De tsjerke fan Sellingen is in iergoatysk tsjerkegebou yn Sellingen yn 'e Grinslânske gemeente Westerwâlde. De tsjerke waard om 1300 hinne boud.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard al neamd op in yn 'e 13e iuw gearstalde list fan tsjerken fan 'e abdij fan Corvey. Under de muorren fan 'e tsjerke wiene grêven, sadat de hjoeddeiske tsjerke op in âlder begraafplak boud is. De foargonger hat nei alle gedachten fan hout west om't der gjin dowestien fûn waard. It is net bekend hokker patroanhillige de tsjerke foar de reformaasje hie.[1]

Ynterieur.

It tek fan it trijesidige koer bestiet út holle en bolle dakpannen, ek muontsen of nonnen neamd. De rest fan it tek hat gewoane dakpannen. De dakruter waard yn 1858 op 'e tsjerke set. Foar dy tiid hie de tsjerke in frijsteande klokkestoel.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de klok fan 'e tsjerke foardere troch de Dútsers. Neitiid waard dy klok ferfongen mei de ynskripsje Deze klok is gegoten ter vervanging der geroofde klok. Om 't der in skuor yn 'e klok fan 1947 stie, waard der yn 2019 yn Sellingen op it hôf in nije klok foar de tsjerke getten.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjerkeskip hat in balkeplafond, wylst it koer in stiennen netferwulft hat.

Yn 'e jierren 1920 waarden letgoatysk beskilderingen yn 'e tsjerke ûntdutsen, lykas ôfbylden fan 'e hillige Kristoffel en Sinte-Margareta. Oars as wenst hawwe de skilders ek harren nammen by it wurk set en sa witte wy dat broeder Jan fan Aken en Johannes se oanbrocht ha.

It doopfont is lykas de fresko's ek 15e-iuwsk. De preekstoel datearret út healwei de 17e iuw en komt oarspronklik út it Grinslânske Scharmer. Yn 'e 19e iuw waard de preekstoel yn 'e Sellinger tsjerke set.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienmanualige tsjerkeoargel waard yn 1952 troch de bruorren Van Vulpen boud. It telt seis registers.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: