Springe nei ynhâld

Vlagtwedde (gemeente)

Ut Wikipedy
Vlagtwedde

De Ruiten Aa by Rijsdam
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplak Sellingen
grutste plak Ter Apel
ynwennertal 15.966 (30 april 2017)
oerflak 170,30 km²
● wêrfan wetter 1,24 km²
tal doarpen 7 doarpen
53 ûtbuorrens
ferkearsieren N366
skiednis
oprjochte 1811
1801-1811 Bourtange
opheft 2018
opgien yn Westerwâlde
no part fan Westerwâlde
oar
netnûmer 0599
postkoade 9540-9564
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Vlagtwedde is in eardere gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente hie op 30 april 2019 15.966 ynwenners en wie 170,30 km² grut, wêrfan 1,24 km² wetter. It gemeentehûs stie yn Sellingen.

De gemeente Vlagtwedde waard yn 1811 oprjochte, nei't it dêrfoar fan 1801 ôf ta de gemeente Bourtange heard hie. Yn 1822 waard de gemeente Bourtange, dêr't ek de plakken Ter Apel en Sellingen by hearden, opheft en by Vlagtwedde foege. Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente Vlagtwedde opheft en gearfoege mei Bellingwedde ta de nije gemeente Westerwâlde.

Yn de gemeente Vlagtwedde wiene de folgjende doarpen:

Ynwenners it doarp 2010
Doarp Ynwenners
Ter Apel 5.815
Vlagtwedde 1.950
Sellingen 1.070
Ter Apelkanaal 695
Bourtange 415
Jipsingboertange 175
Zandberg net bekend

Oare offisjele kearnen:

Agodorp, Abeltjeshuis, Bakovensmee, Barnflair, Borgertange, Borgerveld, Burgemeester Beinsdorp, De Bruil, Ellersinghuizen, Hanetange, Harpel, Hasseberg, Hebrecht, 't Heem, Jipsingboermussel, Jipsinghuizen, Lammerweg, Laude, Lauderbeetse, Laudermarke, Lauderzwarteveen, Leemdobben, De Maten, Munnekemoer, Over de Dijk, Overdiep, Pallert, Plaggenborg, Poldert, Renneborg, Rhederveld, Rijsdam, Roelage, 't Schot, Sellingerbeetse, Sellingerzwarteveen, Slegge, Stakenborg, Stobben, Ter Borg, Ter Haar, Ter Walslage, Ter Wisch, Veele, Veerste Veldhuis, Vlagtwedder-Barlage, Vlagtwedder-Veldhuis, Weende, Weenderveld, Weite, Wessingtange, Wollingboermarke, Wollinghuizen en Zuidveld.

Topografyske gemeentekaart fan de eardere gemeente Vlagtwedde