Zandberg (Grinslân-Drinte)

Ut Wikipedy
Zandberg
Sint-Joazeftsjerke yn Zandberg
Sint-Joazeftsjerke yn Zandberg
Sifers
Ynwennertal 300
Polityk
Provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
Flag of Drenthe.svg Drinte
Gemeente Westerwolde wapen.svg Westerwâlde
Borger-Odoorn vlag.svg Borger-Odoorn
Flag of Stadskanaal.svg Stedskanaal
Oar
Postkoade 9564
Koördinaten 52° 55' NB, 7° 1' EL
Lokaasje Drintske part fan Zandberg yn de gemeente Borger-Odoorn
Lokaasje fan it Grinslânske part fan Zandberg yn de eardere gemeente Vlagtwedde

Zandberg (Grinslânsk: Zanbaarge, Drintsk: Saandbarg) is in doarp dat foar in part yn de gemeente Borger-Odoorn yn Drinte en foar in part yn de gemeenten Stedskanaal en Westerwâlde yn Grinslân leit. De doarpskearn mei tsjerke en skoalle leit yn Drinte, wylst it in buorskip oan de Grinslânske kant is ûnder de doarpen Ter Apelkanaal en Musselkanaal. It plak hat likernôch 300 ynwenners, dêr't der 60 fan in Drinte wenje, 40 ûnder Musselkanaal en 200 ûnder Ter Apelkanaal yn Grinslân.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme komt fan de sânkop, dy't ek wol Schaapsberg (Skieppeberch) neamd wurdt, yn de griene gea by de beek del dy't mei de stream op Valtherdiep hjit en by de stream del hjit er Mussel-Aa. Dy heuvel waard brûkt om skiep te weidzjen. Mooglik hawwe der lytse hutten stien foar de hoeders fan it fee.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet lei op de grins fan de marken Onstwedde en Valthe en waard troch beide bestriden. De Semsliny besliste yn it foardiel fan Valthe. It doarp ûntstie yn de iere njoggentjinde iuw as in feankoloanje. De earste bewenners wiene katolike boekweetboeren dy't justjes oer de grins by it Dútske Rütenbrock weikamen en it doarp waard in katolyk eilân yn it foar it measte part protestantske gebiet. Yn 1843 krige it doarp in eigen tsjerke en dy waard oan de Drintske kant boud. De hjoeddeistige Sint-Joazeftsjerke waard yn 1931 boud.

It plak wie fan 1924 oant 1935 it stopplak oan de spoarline STAR (Stedskanaal, Ter Apel, Ryksgrins). It stasjonsgebou fan 1924 bestiet noch hieltyd.

It doarp waard yn 2002 ferneamd om't de Omgong fan Itaalje troch it doarp gie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Borger-Odoorn
Flagge fan Borger-Odoorn
Haadplak: Ekslo
Doarpen: BorgerBronnegerBuinenBuinerveenDrouwenDrouwenermondDrouwenerveen1e EksloëermondEesEesergroenEeserveenEllertshaarEksloërfeanEksloKlijndijkNieuw-BuinenOdoornOdoornerveen2e Eksloërmond2e ValthermondValtheValthermondWestdorpZandberg
 
Gemeente Stedskanaal
Flagge fan de Gemeente Stedskanaal
Haadplak: Stedskanaal
Doarpen: AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeVledderveenZandberg
Buorskippen: BarlageBlekslageBraambergCeresdorpHöchteHöfteHolteHorstenOomsbergSmeerlingSterenborg • Tange • Ter MaarschTer WuppingVeenhuizenVledderhuizenVossebergWessinghuizen
Wetter: A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
 
Gemeente Westerwâlde
Wapen fan de Gemeente Westerwâlde
Haadplak: SellingenWedde
Doarpen: AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWedderveerZandberg
Buorskippen: AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer Wisch • Tjabbestreek • VeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtange • Westeind • WollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêge • Zuidveld
Wetter: B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa