Springe nei ynhâld

Gieten

Ut Wikipedy
Gieten
FlaggeWapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Aa en Hunze
Sifers
Ynwennertal5.050 (2020)
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53°0′ NB 6°45′ EL
Websidewww.gieten.com

Giten (Gieten; Drintsk: Geetn) is in doarp yn de provinsje Drinte yn de gemeente Aa en Hunze.

Gieten is fan oarsprong in iesdoarp en wurdt omfieme fan heide en bosk. It doarp leit oan de krusing fan de rykswegen N33 en N34, dy't oar it plak fan âlde midsiuwske paden rinne. Beide strjitwegen hearden ta de earsten fan Drinte, dy't yn de 19e iuw ferhurde waarden. Se wiene tige wichtich foar de ûntjouwing fan it gebiet.

Yn 1905 krige it doarp in stasjon oan it spoar Assen-Stedskanaal. It stasjon waard yn 1947 sletten. It eardere spoar is foar in part yn de rjochting fan Assen èn Stedskanaal noch te folgjen.

By it oanlizzen fan in busstasjon waard yn Gieten yn 2010 it plak fan in pleats mei hiem út de izertiid ûntdutsen. Argeologen tinke dat de pleats tusken 800 f.Kr. en it begjin fan de jiertelling boud waard. De spoaren bestiene út ferkleurings yn de grûn, in dûbele fuorge, trochgongen en skerven. Nei't de lokaasje op foto's fêstlein is, hawwe de graafmasjines alle spoaren foar ivich fernield.

It ynwennertal fan Gieten bliuwt ridlik stabyl. Al jierren bliuwt it doarp sa tusken de 5.000 en 5.200 ynwenners skommeljen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]