Springe nei ynhâld

Hazewind (Gieten)

Ut Wikipedy
Hazewind
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Giten
adres Eexterweg 2-A
koördinaten 53°0' N 6°45' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 22 m
boujier 1833
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 16126 [1]
Webside
www.aaenhunzemolens.nl
Kaart
Hazewind (Drinte)
Hazewind

De Hazewind is in nôtmûne yn it Drintske Giten. Yn 'e mûne is in ynstruksjemûne, dêr't nije mûnders oplaat wurde.

Oant de bou fan 'e mûne moasten de boeren mei harren rispinge nei Eekst of Gasselte. It wie Bernier Lucas Homan, dy't it ynisjatyf naam ta de bou en om't de mûne in ein fan 'e dyk efter it hûs fan Homan boud waard, hie it gemeentebestjoer gjin beswier. Yn 1833 waard de mûne yn gebrûk nommen.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de mûne yn ferfal en de doedestiidske eigner fan 'e mûne frege yn septimber 1946 de fergunning oan om de mûne ôf te brekken. Safier kaam it net, de mûne waard yn 1947 ferkocht oan 'e doedestiidske mûnder en in restauraasje folge. De sûnt 1936 net mear oanwêzige stelling waard op 'e nij oanbrocht en de mûne koe wer wurkje. Yn 1964 folge in nije restauraasje en waarden der nije roeden stutsen. It hat de bedoeling west om yn 1969 selsswichting oant te bringen, mar dat plan waard net útfierd. Yn 2004 binne de roeden wer ferfongen troch roeden mei fokwjukken neffens it Fauël-systeem mei automatyske remkleppen.

Yn 2014 waarden in tal beammen by de mûne kapt, dy't de mûne troch turbulinsje ûnregelmjittich draaie lieten, wertroch't der ekstra slitaazje ûnstie.

De mûne is in achtkante stellingmûne. De ûnderbou is fan bakstien, de stelling is 9,5 meter heech en de achtkante houten boppebou is reiddutsen. Ek de kape is reiddutsen. De smei-izeren boppe-as waard yn 1895 getten troch De Prins van Oranje út De Haach. De mûne wurdt fongen mei in Flaamske fang, dy't bestjinne wurdt mei in fangstôk. De flecht is 22 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: