Doarpstsjerke (Gieten)
Doarpstsjerke | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | Giten | |
adres | Brink 8 | |
koördinaten | 53°0' N 6°45' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | mooglik Marije[1] | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1804 (toer), 1849 (tsjerke) | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 16127 (tsjerke) [2] 16128 (toer) [3] | |
Webside | ||
PKN Giten | ||
Kaart | ||
De Doarpstsjerke oan 'e Brink yn Giten is in 19e-iuwsk tsjerkegebou fan 'e PKN-gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Doarpstsjerke fan Giten giet werom op in oan Marije wijd midsiuwsk gebou. Yn 'e 17e iuw moast de âlde tsjerke op 'e nij boud wurde. De toer waard yn 1804 boud en ferfong doe in klokkestoel.[4]. Neffens in oare boarne waard de 17e-iuwske toer yn 1804 ferhege, yn 1864 op 'e nij boud en yn 1975 op 'e nij ommitsele.[5] Op it plak fan 'e 17e-iuwske foargonger waard yn 1849 it hjoeddeiske tsjerkegebou oan de toer boud.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De preekstoel yn 'e tsjerke datearret fan 'e 17e iuw. Fierder steane der yn 'e tsjerke twa iken kolleezjebanken út de 18e iuw. Oan ien fan 'e muorren hinget in rouboerd foar Nicolaas Harmen van Echten út 1742, dy't drost fan Drinte en bewenner fan 'e havezate Entinge wie.
Yn 'e toer hingje twa klokken, dy't alletwa yn 'e 16e iuw getten binne. Ien fan dy klokken waard yn 1520 getten troch Wolter Schonenborch, de jitter fan 'e oare klok út 1565 is ûnbekend.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel yn 'e tsjerke waard boud troch L. van Dam en soannen út Ljouwert.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|